Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065605

Een sage (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie in hiel âld plaets. Dy wie wol sa min. Mar dy boer hie gjin jild om in nijen sette to litten.
"Hoe krij ik in nije plaets", sei er faek yn him sels.
Dan roan er op 'e wei om jouns en dan prakkesearre er mar.
Op in kear wie dat wer it gefal. Doe kom dêr in man oan.
"Hwerom bistû hjir alle jounen op 'e wei?" sei dy.
"Dat sil 'k jo sizze", sei de boer. "Myn âlde pleats is striemin. Dy stiet net lang mear. Der mat sa noadich in nijen komme, mar ik ha gjin jild. En sûnder jild kinne jo neat bigjinne."
"Nou jonge," sei dy oare, "in nije pleats komt der, dizze nacht noch. Mar dan mast my folgje en alles dwaen hwat ik siz. Sjoch ûndertekenje dit pompier. Dan is de pleats moarnmoarne klear foardat de hoanne kraeit. Is dat net it gefal, dan bistû net yn myn macht."
De oare moarns ier en bitiid seach de boer hoe fier se mei de nije pleats wienen. De ûlebuorden moesten der noch yn. "Donders," tocht er, "nou mat ik avenseare, oars bin 'k fan 'e duvel."
Hy gong nei 't hinnehok ta en dêr klapte er yn 'e hannen. Fuort bigong de hoanne to kraeijen.
De pleats wie klear op 'e ûlebuorden nei.
Mar dy ûlebuorden koe hy der letter noait foar hâlde, hwant de duvel skuorde se der altyd wer ôf.
It wie 'de pleats sûnder ûlebuorden'.


Onderwerp

VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen    VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen   

Beschrijving

De duivel zag een man piekeren en vroeg wat er loos was. De man vertelde dat hij geen geld had om zijn oude boerderij te vernieuwen. De duivel beloofde toen dat er de volgende ochtend, voor de haan gekraaid zou hebben, een nieuwe boerderij zou staan. Maar dan had hij de boer wel in zijn macht. Was de boerderij niet voor die tijd af, dan was de boer vrij. De volgende ochtend zag de boer dat de boerderij inderdaad bijna klaar was. Alleen de uilenborden moesten er nog op. Snel ging hij naar het kippenhok en klapte in zijn handen. Meteen begon de haan te kraaien. De man was vrij, maar de uilenborden die hij op de boerderij maakte, bleven nooit meer zitten. Het was 'de boerderij zonder uilenborden'.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 656, verhaal 5

Commentaar

onbekend
Voor de haan kraait boerderij bouwen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21