Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065902

Een mop (mondeling), zaterdag 10 mei 1969

Hoofdtekst

Der wie in gesin mei trije bern. De âldste frege op in dei oan syn mem hwer't er wei kom. Mem sei: "Ut 'e reade koal."
Doe sei er tsjin syn jonger broerke: "Freegje dû nou ek ris, hwerstû út komste." Dat broerke die dat en dy krige as antwurd: "Ut 'e wite koal."
Doe seinen dy beide jonges tsjin har lyts suske: "Nou mastû mem ek ris freegje hwerstû út wei komste."
De mem sei tsjin har: "Dû komst út 'e boerekoal."
Op in joun leinen de bern op bêd. De âlders leinen ek op bêd yn 'e echtlike sliepkeamer. Dêr wie gâns lawaei.
It âldste jonkje gong út bêd wei en gong stikum nei de sliepkeamer fan syn âlders om to sjen hwat dêr gebeurde.
Doe't er weromkom fregen him de beide oaren: "Nou, hwat wie dêr to rêdden?"
It jonkje sei: "Us heit sit boven op 'e grientekarre!"
(Ik ha 't ek wolris oars fortellen heard. As se heard ha, dat de iene út 'e wite koal komt, de oare út 'e reade koal, de trêdde út 'e boerekoal, seit de allerjongste: "'t Is dochs allerôfgryslikst. Is der dan net ien yn 'e famylje, dy't in bytsje neuke kin?") Soms inplaats van boerekool: savoyekool. A.A.J.


Onderwerp

TM 4904 - Waar de kinderen vandaan komen.    TM 4904 - Waar de kinderen vandaan komen.   

Beschrijving

Er was eens een gezin met drie kinderen. Omstebeurt gingen de kinderen naar hun moeder om te vragen waar ze vandaan kwamen. De moeder vertelde de een dat hij uit de rode kool kwam, de volgende dat hij uit de witte kool kwam, en de derde dat ze uit de boerenkool kwam. Op een avond hoorden de kinderen een lawaai uit de slaapkamer van hun ouders komen, en een van hen ging kijken wat er gebeurde. Toen hij terugkwam, vertelde hij dat vader boven op de groentekar zat.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 659, verhaal 2

Commentaar

10 mei 1969
Waar de kinderen vandaan komen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21