Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068102

Een mop (mondeling), zondag 15 juni 1969

Hoofdtekst

Der wie in jonge, dy woe wol nei Amerika ta. Mar dan moest er in wurkjower opjaen kinne. Of hy moest safolle jild by him ha dat er, as 't mislearre, èk noch weromreizgje koe. Mar dy jonge hie allinne mar jild foar in inkelde reis.
Hy tocht: hoe mat ik dit ha?
Doe kocht er in moaije learene tas. Doe stapte er in fruitwinkel yn en hy sei: "Ik woe graech de trije moaiste apels ha dy't hjir yn 'e winkel binne." Hy socht se út, bitelle, en die se yn 't kofferke. Doe stapte er op 'e boat nei Amerika. Dêr kom er foar de douane to stean.
"Habbe jo hjir in wurkjouwer?" frege er.
"Né mynhear," sei de jonge, "dy haw ik net."
"Biskikke jo dan oer de nedige kontanten as jo net slagje om dan werom reizgje to kinnen?"
Hy sei: "Né, mynhear, ek dàt net. Mar ik ha hjir hwat by my yn 'e koffer, dêr wol 'k in saek mei begjinne."
De douane die de koffer iepen en seach der yn. "Hwat?" sei er, "trije apels? Dat liket ommers nergens op. Dêr kinne jo net in saek mei bigjinne."
"Net in saek?" sei de jonge. "Nou sil ik it jo fortelle, mynhear. Myn suster dy is hjir kom mei ien prûm en dy hat nou al trije eigen huzen."


Beschrijving

Een jongeman wilde graag naar Amerika. Hij had net genoeg geld voor een enkele reis. Maar om het land binnen te komen, moest hij of een werkgever hebben, of genoeg geld voor de terugreis. Toen de douane hem ernaar vroeg, liet hij de drie appels in zijn tas zien. Hij zei dat hij daarmee een eigen zaak zou gaan beginnen. De douane vond het maar niets, waarop de jongeman zei dat zijn zuster er slechts met een pruim was gekomen, en nu al drie eigen huizen had.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 681, verhaal 2

Commentaar

15 juni 1969

Naam Locatie in Tekst

Amerika    Amerika   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21