Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068104

Een mop (mondeling), zondag 15 juni 1969

Hoofdtekst

Earne achter Ljouwert, it lân in ein yn, wenne in boer, dy krige hinder fan pine yn 'e mûle. Hy sei tsjin 't wiif: "Ik wachtsje de nacht noch ôf, mar wurdt it net better, dan gean ik moarn nei de toskedokter ta.
De oare moarns stie syn bislút fêst. De hiele nacht hied er lêst fan 'e kies hawn. "Hy sil der út", sei er.
Mar de boer koe lêze noch skriuwe, dat it wiif moast mei.
Allinne koed er him yn 'e stêd min rêdde.
Hy gong fuort to melken, mar doe't er werom kom, sei 't wiif: "Ik kin net mei nei stêd, ik bin sa raer."
Hy sei: "Dan mat ik allinne mar nei Ljouwert ta."
"Jonge, dat wurdt neat," sei 't minske, "dû kinst ommers lêze noch skriuwe. De nammen fan 'e strjitten ensa kinst dy net iens mei rêdde."
Mar it boerke sei: "Ik ha de mûle by my en in beurs mei jild. My tinkt, dan mat it al raer komme, as ik my net rêd."
Hy forklaeide him gau hwat en doe nei 't sjasjon ta.
Hy gong nei 't loket en sei: "Ik mat in kaertsje ha nei Ljouwert ta. Mar it mat sa'n kaertsje wêze, dat ik der ek op werom kin."
"O," sei de amptner, "jo bidoele in retour."
"Dat kin wol wêze", sei de boer, "ik ken gjin Spaens. Mar hwat kostet sa'n ding?"
"It kaertsje kostet jo in ryksdaelder", sei de amtner.
"In grouwe ryksdaelder?" sei de boer, "ik jow jo twa goune."
De amtner sei: "Wy kinne hjir net tingje."
"Dat soenen jo wol wolle tink", sei de boer. "As ik in kou forkeapje wol, dan wolle se ek altyd tingje. Forline wike haw ik in kou forkocht. It wie in moai beestje. In kante rêch en in moai krús en in jaer as in boarnamer. Ik frege tolvehûndert goune. Hwat tochten jo dat de koopman bea?"
"Nou, miskien wol fyftich goune minder", sei de amptner.
"Ja, dat tochten jo. Mar 't wie trijehûndert minder", sei de boer. "Dat nou sjogge jo wol dat ik jo mei twa gounen in goeije priis bean ha foar dat kaertsje."
Mar de amptner woe 't net foar minder as in ryksdaelder dwaen. Hy die 't loket ticht en dêr stie de boer. Dy tocht: "Dan rin ik nei stêd." Doe't er fuort gong hearde er de trein achter him fluitsjen, doe't er fan 't stasjon ôfgong.
"Ja, nou wol er my wol gelok dwaen," tocht de boer, "mar nou haw ik him net mear noadich. Ik sjoch net achterom, ik rin troch."
Sa kom er nei in lang ein rinnen op 't lêst yn 'e stêd. Hy roan de iene strjitte yn en de oare út. Hy tochte: "Ik wol net freegje hwer't in toskedokter wennet, ik wol my sels rêdde. Dizze sydstrjitte mat ik mar ris yn. Doe kom er in skuonmakkerij foarby. Dêr seach er in tange foar 't rút stean. Hy tocht: "Nou kin 'k der wolris wêze." Hy der yn.
"Goeijendag mynhear", sei er tsjin 'e skuonmakker. "Kinne jo ek kiezzen lûke?"
"As dat wêze mat, wis wol, dan dogge wy dat", sei de skuonmakker. "Hwer sit de pleager?"
"Hjir boppe", sei de boer en hy wiisde de kies oan.
"De skuonmakker sei: "Wy sille der jo fan forlosse", en hy makke in piktried klear. Hy lei in rammestrûp om 'e kies hinne en sei: "Dy lit net wer los." En doe sloech er in spiker stevich yn 'e drompel en dêr boun er de oare ein fan 'e piktried oan fêst.
Sa moest de boer yn 'e hurken sitten gean. Doe krige de skuonmakker de els en sei: "Tink der om", en doe joech er him in prip yn 'e kont. Dat die sear fansels, dat de boer dy sprong yn 'e hichte en doe spatte de kies der út.
De boer sei: "Welfordomme, hwat hie dat ding lange woartels. 't Skuorde my troch de kont hinne."
Doe't er thús kom frege it wiif: "Hoe is 't gong?"
Hy sei: "De kies is der út en it hat my neat koste. En dy toskedokter sei dat, as 't wer gebeurde, dan hâldde er him beleefd oanbifolen. Mar hwat hie dat ding lange woartels. 't Skuorde my troch de kont."
Doe moest de boer to melken. Hy forklaeide him gau even. Doe sei 't wiif tsjin him: "Nou wol 'k wol leauwe, dat dat ding lange woartels hie. It bloed sit dy yn 'e ûnderbroek."

Beschrijving

Een niet zo slimme boer had eens kiespijn. Hij wilde naar de tandarts in de stad. Door omstandigheden kon zijn vrouw niet mee. Toen hij een treinkaartje wilde kopen, begon hij af te dingen. Maar de verkoper deed daar niet aan mee, en boos ging de boer lopend naar de stad. De boer kon niet lezen, waardoor hij de straat waar de tandarts woonde, niet kon vinden. Bij een schoenmaker zag hij een tang achter het raam staan, en hij dacht dat hij er was. Hij vroeg de schoenmaker of deze ook zijn kies wilde trekken, en dat vond de schoenmaker prima. Hij deed een draad om de tand en het andere eind sloeg hij met een spijker vast in de drempel. De boer moest op zijn hurken gaan zitten, en de schoenmaker gaf hem een prik in zijn achterwerk. De boer sprong op van de pijn, en toen vloog zo de kies uit zijn mond. De boer zei: "Wel verdomme, dat ding had lange wortels, het schuurde me helemaal door mijn achterwerk." Tevreden ging de boer weer naar huis.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 681, verhaal 4

Commentaar

15 juni 1969

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21