Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068403

Een mop (mondeling), zondag 22 juni 1969

Hoofdtekst

Twa hearen sieten tsjin elkoar oer yn 'e trein. De iene mynhear helle in krante ta de bûse út en joech him moai del to lêzen. De oare mynhear helle in tabaksdoaze ta de bûse út en makke in prûmke, dat er achter 'e kiezzen stoppe.
Ut gewoante flybe er oer de groun, krekt de mynhear dy't deun tsjin him oersiet to krantsjen op 'e punt fan 'e skoech.
Dy mynhear sei: "Nou, ik mat sizze, jo ha net folle fatsoen leard, en as jo wisten, hwa't ik bin, dan soenen jo respekt foar my ha."
Doe sei de tabakskouwer: "Mar hwa binne jo dan?"
Hy sei: "Ik bin de ynspekteur fan 'e direkte bilastingen."
Doe sei de tabakskouwer: "As jo wisten hwa 't ik bin, dan hienen jo noch mear respekt!"
"Hwa binne jo dan?" frege de ynspekteur.
"Ik bin de hynstesnijer fan Meppel", sei de oare.


Beschrijving

Twee heren zaten tegenover elkaar in de trein. De een zat te pruimen en spoog de tabak op de ander z'n schoen. Deze zei boos dat als hij zou weten wie hij was, hij dat zeker niet zou doen. Hij zei de inspecteur van de directe belastingen te zijn. Toen zei de ander dat als de inspecteur wist wie hij was, hij nog meer respect zou hebben voor hem. Hij was namelijk de paardensnijder uit Meppel.





Bron

Corpus Jaarsma, verslag 684, verhaal 3

Commentaar

22 juni 1969

Naam Locatie in Tekst

Meppel    Meppel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21