Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068404

Een mop (mondeling), zondag 22 juni 1969

Hoofdtekst

Der wienen in man en in frou, dy wienen in stikhinne fiif en twintich jier troud. Op in joun sieten se togearre byelkoar. Doe sei 't wyfke: "Nou Jan, nou binne wy yn 't koart fiif en twintich jier troud. Mar bistû my wolris ûntrou west yn dy fiif en twintich jier?"
Hy krige hwat in kleur. Doe sei er: "Ja, en foar elke kear dat dat gebeurd is, ha 'k in knikkert yn in ponkje dien."
Hja woarde nijsgjirrich en sei: "Helje dat ponkje ris op, Jan."
Jan helle 't ponkje op. Hy makke 't iepen en de knikkerts kommen op 'e tafel. Der sieten krekt twintich yn, op 'e kop om 't ôf.
Doe sei Jan tsjin syn wyfke: "Mar hoe sit it mei dy? Bistû my wolris ûntrou west yn al dy tiid?"
"Ja," sei se, "mar fan elke kear dat ik dy ûntrou west ha, haw ik in griene eart yn in weckflesse dien."
"Helje ris op", sei Jan.
Hja gong nei de kelder ta om de weckflesse op to heljen. Dy lege se op 'e tafel. Doe't se telden wienen der trije en twintich earten.
Jan sei: "Dat forskil is ek mar gering. Dêr hoeve wy elkoarren gjin forwyt fan to meitsjen."
It wyfke hâldde har even stil. Doe sei se: "Nou wol 'k earlik wêze, Jan, ik ha der trije kear snert fan kôke."




Onderwerp

VDK 1357A* - Erwten in een busje bij overspel    VDK 1357A* - Erwten in een busje bij overspel   

Beschrijving

Een man en een vrouw zouden binnenkort 25 jaar getrouwd zijn, en ze besloten maar eens eerlijk te zijn. De man biechtte op dat hij wel eens vreemd was gegaan. Elke keer had hij een knikker in een zakje gedaan. Ze telden samen de knikkers, er zaten er 20 in. De vrouw bekende toen dat zij ook was vreemd gegaan. Zij had na elke keer een erwt in een weckfles gedaan. Ze haalde de fles uit de kelder, er zaten er 23 in. De man zei dat ze elkaar dan weinig te verwijten hadden, dat verschilde immers niet veel. Daarop wilde de vrouw helemaal eerlijk zijn: ze had van de erwten al drie keer snert gekookt.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 684, verhaal 4

Commentaar

22 juni 1969
Erwten in een busje bij overspel

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21