Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068406

Een mop (mondeling), zondag 22 juni 1969

Hoofdtekst

Der wienen twa studinten, dy studearren beide foar dokter. De iene slagge, de oare sakke. Dy lêste wie alris earder sakke en mocht gjin examen wer dwaen."
"Dat is hwat jonge, datst nou wer sakke bist", sei syn maet tsjin him.
"Ja," sei de oare, "mar hwat sil men der oan foroarje, ik ha myn bêst dien." Deselde, dy't slagge wie, troude en festige him as dokter yn in stêd. De oare hie èk forkearing. Hy tocht: "It trouwen sil der ek net om oer gean."
It wie krekt yn 'e tiid dat it Staphorster boerke stoarn wie. Doe sei er tsjin syn oansteande: "Hwat seist der fan, as ik my dêr as wonderdokter festigje? Hwant der mat dochs wer ien wêze."
't Like har goed ta.
Hy teach der op út om in hûs to hieren en dat slagge. Doe liet er in adfortinsje yn 'e krante sette. Hy hie him dêr as wûnderdokter festige. Sprekûre moarns fan acht oant tsien ûre.
Al gau kommen de earste pasjinten yn 'e wachtkeamer. De nije wonderdokter stie achter 't sket en koe alles hearre hwat der sein woarde. Hy hie in liep wyfke, dat stie dêr hwat tusken 't folk to stofsûgerjen, mar wylst frege se dy minsken út.
Dêr kom in boer ynstappen. Hy hinkte in bytsje. Al gau bigoun it wûnderdokterswyfke him út to kloarkjen.
"Ik ha mei 't hynder op 'e rin west", sei er. "Nou docht de knibbel my sear en 't skouder en de mage -"
De wûnderdokter hie 't forhael goed heard.
"Wie is aan de beurt?" frege er.
It boerke kom der yn.
"Ha jo 't wetter ek meinom?"
"Jonge - ja", sei it boerke.
De wûnderdokter sjocht ris goed en seit: "Jo ha mei 't hynder op 'e rin west." It boerke wurdt der kjel fan.
"Nou docht jo 't skouder sear en de knibbel en de mage -"
"Ja," seit it boerke, "ja. Mar kinne jo dat allegearre út it wetter sjen?"
"Jawis, man", seit de wûnderdokter.
"As jo dat allegearre út it wetter sjen kinne, fortel jo my dan ris, hwat foar in rydtúch wie it dêr't ik it ûngelok mei krige: ien op twa of ien op fjouwer fjilden?"
"Op twa fjilden", sei de wûnderdokter mar gau.
"Mis is 't," sei 't boerke, "'t wie in fjouwerfjildich weintsje."
Doe frege de wûnderdokter: "Is dit eins wol alle wetter fan fan 'e moarn?"
"Né," sei 't boerke, "de helte."
"Krekt," sei de wûnderdokter, "dan sitte de oare beide fjilden yn 'e oare helte."


Onderwerp

AT 1641A - Sham Physician Pretends to Diagnose Entirely from Urinanalysis    AT 1641A - Sham Physician Pretends to Diagnose Entirely from Urinanalysis   

ATU 1641A    ATU 1641A   

Beschrijving

De vrouw van een wonderdokter luisterde in de wachtkamer altijd de patienten af. Zo wist haar man altijd waar de mensen voor kwamen. Op een keer las hij uit de urine van een boer dat deze van zijn paard was gevallen, en last had van zijn knie, schouder en maag. De boer vertrouwde het niet helemaal en vroeg of hij op een wagen met twee of vier wielen had gezeten. 'Met twee' zei de wonderdokter. Maar het waren er vier. Toen vroeg de dokter of de boer dan wel al zijn urine had meegenomen. "Nee, de helft," zei de boer.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 684, verhaal 6

Commentaar

22 juni 1969
Sham Physician Pretends to Diagnose Entirely from Urinanalysis

Naam Locatie in Tekst

Staphorst    Staphorst   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21