Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068701

Een mop (mondeling), zondag 29 juni 1969

Hoofdtekst

Yn 'e oarlochstiid wie der in âldwyfke, dy hâldde der in bok op nei fanwege hwat fortsjinst, hwant hja hie it net to rûm. Hja naem yn 't earstoan in goune as dekjild.
Mar de oarloch hâldde oan, en alles woarde djûrder, ek it fretten foar de bok, dat it twadde jier nom it âld-minske in ryksdaelder as dekjild.
"Jo slagge op", seinen de minsken, dy't mei in geit by har kommen.
"Ja," sei se, "mar àlles slacht op." En it jier dêroan naem se fiif goune.
Dat woarde al hwat in hege priis en doe't se wer in jier letter in tientsje nom, wienen der al guon dy woenen dat âld-minske fanwege prijsopdrijving forfolgje.
Mar de burgemeester sei: "Om dat âlde wyfke nou to forfolgjen dat kin 'k net oer myn hart krije. As der nou twa fan 'e wethâlders ris nei dat âld-wyfke ta geane en dy sjogge as se de bok keapje kinne. Dan sette wy him achter 't gemeentehûs oan 't spit. Dêr is in moai kampke lân.
Doe't de beide mannen kommen om 'e bok to keapjen, tochte 't âld-wyfke: "As se de bok oernimme wolle, wol 'k in goeije priis barre, oars krije se him net."
Sy woarden it iens oer de priis en de beide wethâlders nommen de bok mei oan 't ketting en 't spit en doe brochten se him nei 't kampke achter 't gemeentehûs, dêr't de bok it wol nei 't sin hie.
Doe liet de burgemeester in adfortinsje yn 'e krante sette.
Dêr stie yn, de gemeenteleden koenen dêr allegear gratis mei har geitsje by de bok forskine. Net ien wie dekjild skuldich. Al ridlik gau kom dêr in âld man mei in geitsje oanstappen. Hy roan de kamp op, op 'e bok ta.
Mar dy bok hie him goed roun en dik iten en lei noflik yn 't gjers. Doe't it geitsje by him kom steurde er him dêr hielendal net oan en taelde nergens nei.
Doe joech dy âld man de bok in skop en sei: "Toe, foaruit, luije bok, oerein!"
Mar 't joech neat, de bok bleau lizzen dêr't er lei. De man gong ûnforrichtersake wer mei syn geitsje nei hûs.
De oare deis kommen der twa, elk mei in geit oan 't tou.
Mar ek nou lei de bok moai to wjerkôgjen, en ek dizze kear taelde hy nergens nei.
Sy jagen de bok oerein, mar 't joech neat. Ek dizze beiden setten ûnforrichtersake mei har geiten wer op hûs ta.
Doe't se 't kampke ôfkommen kom harren krekt ien fan 'e wethâlders foarby. Dy sei: "Nou ha jim 't mar moai foarinoar, hè? Gratis mei de geit nei de bok."
"Nou," sei ien fan 'e mannen smeulsk tsjin 'e wethâlder, "as jim net in bettere bok krije kinne, hoeve se jim ek net fuort to stjûren om in bok to keapjen." En hy fortelde him hoe't it der by de bok om en ta gong.
Doe kommen de wethâlders en de burgemeester opnij bymekoar. De saek kom oan 'e oarder. De bok die syn plicht net. Alle minsken kearden mei har geitsjes ûnforrichtersake wer nei hûs.
Sa koe 't net.
Doe sei de burgemeester: "As jimme fan 'e middei om twa ûre dat âld-wyfke ris hinne helje wolle nei 't kampke ta, dan kom ik der ek."
Presys om twa ûre, dêr wie 't âld-wyfke al. De wethâlders en de burgemeester gongen mei har nei de bok ta.
Doe't se dêr kommen kloppe 't âld-minske de bok hwat op 'e nekke en de bok sei: "Bèh-bèh-"
De burgemeester freget it wyfke: "Hwat seit dy bok nou eins, froutsje?"
It âld wyfke is gau ré mei har antwurd. "De bok seit: - Ik bin nou gemeenteamptner wurden. Hwer foar sil 'k my nou noch drok meitsje? -"


Beschrijving

Een vrouw had een bok waarmee ze mensen hun geiten liet dekken. Maar in de oorlog vroeg ze steeds meer geld, en de mensen gingen klagen. De burgemeester en wethouders besloten het dier te kopen, en achter het gemeentehuis neer te zetten. Dan mocht iedereen gratis met zijn geitje langskomen. Maar toen het beest daar eenmaal was, voerde hij niets meer uit. De mensen moesten allemaal met hun geiten onverrichterzake weer naar huis. De burgemeester en wethouders lieten de oude vrouw komen. Zij streelde het bokje over zijn rug en het beest begon te blaten. De vrouw vertelde dat de bok zei dat hij nu een gemeenteambtenaar was geworden, en geen reden meer zag om zich nog druk te maken.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 687, verhaal 1

Commentaar

29 juni 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21