Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068702

Een mop (mondeling), zondag 29 juni 1969

Hoofdtekst

Yn Amsterdam wennen in pear freonen, dat wienen beide studinten. Sy hienen de jouns fan tofoaren feest fierd, dat sy sieten allebeide op swart sied.
De iene studint rint dêr oer de merk. In merkewyfke sit dêr mei in koer mei apels. Prachtich-moaije greate apels.
Sy seit: "Studint, wolle jo ek apels keapje?"
"Ja," seit de studint, "ik soe wol apels keapje wolle, hwant ik mei se graech, mar helaes, wy ha juster feestfierd en nou ha 'k net in sint mear."
"Nou," seit se, "dat hindert neat. Ik sil jo in riedsel opjaen en as jo dat riedsel goed oplosse, krije jo dizze koer mei apels kedo."
De studint sei: "Swear mar op."
Doe sei se: "Nou matte jo goed harkje: Hjir boppe op myn kopke ha 'k griis hier en ûnder binne se noch swart. Hoe komt dat?"
De studint prakkesearre en prakkesearre, mar hy koe der gjin antwurd op jaen. Hy wist it net.
Doe sei 't âld-wyfke: "Dan sil 'k it jo fortelle. Hjir boppe ha 'k oars noait hawn as kommer, soargen en fortriet, mar ûnder steeds feel plezier."
De studint giet nei hûs ta en dêr praet er mei syn freon. Dy fortelt er de grap. Hy seit: "Nou mastû dy kant út en as se dy it riedsel opjowt, dan wytstû it antwurd. Dan ha wy dy koer mei apels. Hast it yn 'e kop?"
"Ja", seit de studint.
De studint rint de merk op. Hy komt ek by 't âld-wyfke lâns.
"Studint?" seit se.
De studint sjocht op. "Hwat wie der oan?"
"Wolle jo ek apels keapje?"
"Ja," seit er, "ik soe wol guon keapje wolle, hwant dy moaije apels bite my de egen út, mar ik ha gjin jild op it stuit."
"Dat is neat," seit it wyfke, "ik sil jo in riedsel opjaen, en as jo dat oplosse kinne, krije jo dizze koer mei apels kedo."
Hy tocht: "Dit is makke."
It wyfke sei: "Nou matte jo goed harkje: Hjir boppe op myn kopke ha 'k griis hier, en ûnder binne se noch swart. Hoe komt dat?"
"O, dat is hiel ienfâldich," seit de studint, "dêr boppe ha jo oars noait hwat hawn as lijen, soargen en fortriet en ûnder altyd in soad plezier."
"Mis," seit it wyfke, "dat is it net, studint. It is hiel hwat oars: Dy boppesten binne sechstjin jier âlder as de ûndersten."
Dat, doe reizge de twadde studint ek sûnder apels nei hûs ta.


Onderwerp

AT 0921C - Why hair of head is gray before the beard    AT 0921C - Why hair of head is gray before the beard   

ATU 0921C    ATU 0921C   

Beschrijving

Twee bevriende studenten hadden een avond feest gevierd, en hadden nu geen geld meer. Op de markt vroeg een verkoopster de een of hij soms appels wilden kopen. Hij vertelde dat hij geen geld had. Zij zei dat als hij een raadsel op kon lossen, hij ze van haar kreeg. Het raadsel was: hoe kwam het dat haar hoofdhaar grijs was, en haar schaamhaar donker. De student wist het niet. Ze zei dat dat was omdat ze aan haar hoofd altijd zorgen had, maar van onderen altijd alleen maar plezier. De student ging snel naar huis en vertelde zijn vriend wat er gebeurd was. Ze besloten dat de ander het nu zou gaan proberen, ze wisten nu immers het antwoord. Maar toen de andere student dit antwoord op het raadsel gaf, zei de vrouw dat het fout was. De oplossing was nu dat haar hoofdharen zestien jaar ouder waren dan haar andere haren.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 687, verhaal 2

Commentaar

29 juni 1969
Why hair of head is gray before the beard

Naam Locatie in Tekst

Amsterdam    Amsterdam   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21