Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068703

Een mop (mondeling), zondag 29 juni 1969

Hoofdtekst

Yn Keulen hearde ik fan in reizger it folgjende forhael:
Der wie in man, dy sette in winkel op, in soarte fan bazar, dêr't eins gjin né yn to keap wie. De bazarhâlder hie suver fan alles yn syn winkel.
Hy hie in freon, dy wie caféhâlder, dy noadige hy op in joun by him út om de saek ris to bisjen. It wie de muoite wol wurdich hwat der allegear yn to sjen wie, mar dy bazarhâlder wie hwat in opskepper en de caféhâlder tochte: "Nou woe 'k oars wol dat der ek in produkt bistiet, dat er hjir net hat."
Hy oan 't prakkesearjen en ja, doe sei er op in stuit tsjin dy bazarhâlder: "Jo ha fan alles to keap, mar twaddehâns deakisten ha 'k hjir noch net sjoen."
"Welfordomme," sei de bazarhâlder, "dat is nou krekt it iennige, dat ik net ha." Hy wie der yntippele.
Doe noadige de caféhâlder syn freon de bazarhâlder út om ek us in joun by him yn 't café to sjen. 't Wie in soart fan nachtkroech mei moaije dametsjes der yn.
Doe't de bazarhâlder kom, biseach er dy dametsjes. Sy hienen allegear in netsje om har hinne. Doe sei er tsjin 'e caféhâlder:
"Hwer tsjinnet dat eins foar?"
"Dat is foar de miggen", sei de caféhâlder.
De bazarhâlder tinkt: "Ik mat dy kastlein eins ek to grazen ha."
Hy seit tsjin him: "It binne hjir allegear moaije dametsjes - alles prachtich - mar ik ha hjir noch net ien sjoen dy't it ding boppe de navel hat."
De caféhâlder stiet even to prakkesearen. Dan seit er: "Tryn, gean ris op 'e kop stean!"
Doe wie 't foar inoar.


Beschrijving

Een man richtte eens een winkel in met alles wat je maar kon bedenken. Hij nodigde zijn vriend, een kroegbaas, uit om eens te komen kijken. Deze zei om hem te pesten: "Nu heb je werkelijk alles, alleen tweedehands doodskisten mis ik nog." De winkelier wilde zijn vriend wel eens terugpakken en ging naar hem in zijn kroeg. Hij zei tegen zijn vriend: "Er zijn hier allemaal mooie dametjes, maar ik heb er nog geen een gezien met haar ding boven haar navel." De kroegbaas stond even de prakkezeren en zei toen: "Tryn, ga eens op je kop staan!"

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 687, verhaal 3

Commentaar

29 juni 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21