Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ070206

Een mop (mondeling), donderdag 10 juli 1969

Hoofdtekst

Der kom us in Rus to Ljouwert en dy roan dêr ta in herberch yn. Hy sei, hy woe graech in slokje ha.
Doe sette de kastlein him in romer jenever foar.
De Rus preau der fan, mar hy sette in fiis gesicht en smiet it fuort.
"Dat is gjin guod," sei er, "ha jim oars net?"
Doe gong de kastlein hinne en sette him in Cognakje foar. De Rus preau der fan en sei: "Dat is al in kromke better, mar it is spul fan neat."
Doe gong de kastlein nei de kelder ta. Hy geat dêr de romer healfol zoutzuur en de oare helte folle er oan mei Cognac. Dat brocht er by de Rus.
De Rus preau en sei: "Dat is àl hwat better, mar noch lang gjin wodka."
Doe gong de kastlein nòchris mei de romer nei de kelder ta en doe die er de hiele romer fol mei zoutzuur.
Dêr gong er wer mei nei de Rus ta.
"Dan matte jo dit mar ris prebearje", sei er.
De Rus preau en sei: "Dat liket der op." Hy hie de romer samar leech. Doe gong er fuort.
De kastlein fielde him net rêstich. Hy tocht: "Dit hie 'k net dwaen matten. Dy keardel kin fan binnen wol forbrânne. As dit mar goed komt."
In pear dagen letter, dêr wie de Rus wèr.
Hy sei tsjin 'e kastlein: "Mar wer fan dat guod, dat jo my lêst jown ha."
De kastlein gong nei de kelder en de Rus sloech wer in pear romers mei zoutzuur achteroer.
Hy sei tsjin 'e kastlein: "It hat wol kwaliteit west, hwat ik dêr fan jo krige ha. De foarige kear, doe't ik by jo wei gong, moest ik ûnderweis pisje. Doe krige ik in bytsje oer de skoech. En hwat wie 't gefal? It hiele lear wie forbrând!"


Beschrijving

Een Rus kwam eens in Leeuwarden in een herberg. Hij bestelde een drankje, en de kastelein zette hem een jenever voor. Dat vond de Rus maar niets, en hij kreeg een cognacje. Dat viel beter in de smaak, maar haalde het nog niet bij een wodka. De kastelein probeerde nog wat andere dingen, maar pas bij een glas puur zoutzuur was de Rus tevreden! Een paar dagen later kwam de Rus terug en zei dat wat hij de vorige keer gedronken had een goeie kwaliteit was geweest. Onderweg had hij namelijk moeten plassen, en wat over zijn schoenen gemorst. Het leer verbrandde er helemaal van.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 702, verhaal 6

Commentaar

10 juli 1969

Naam Locatie in Tekst

Rusland    Rusland   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21