Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ070503

Een sage (mondeling), vrijdag 30 mei 1969

Hoofdtekst

Ik en myn kammeraet wienen der us in kear togearre op út to murdejeijen. Alde Sije Baeije wenne yn Twizelerheide, dy hie dêr in winkeltsje. It paed gong by har oer 't hiem.
Earder hie 'k dêr al ris allinne to murdejeijen west. Doe hie 'k allinne myn houn Turk by my. Ik kom út 'e heide wei. Doe siet dêr in murdtsje by 't minske op 'e strjitte. It wie net great. Ik sei tsjin Turk: "Doarst him net krije?" Hwant Turk roan der net hinne. Turk gong achter my stean mei de sturt tusken de poaten. Hy wie deabinaud.
Doe sloech ik op 'e murd. Mar de murd wie fuort, ik sloech op 'e stiennen om, mar net op 'e murd. Doe wist ik wol hwat it wie. Alde Baeije hie har yn in murd foroare. Dy koe tsjoene.
Sa't ik sei, ik en myn kammeraet kommen dêr ek us in kear.
't Wie wer yn 'e nacht. Doe siet itselde murdtsje dêr wer.
"Sjoch", sei myn kammeraet.
Ik sei: "Alde Baeije sit ek wer op 'e strjitte."
"Forrek," sei er, "'t is in murd."
Ik sei: "Krij him dêr mar wei." Tsjin Turk sei 'k: "Dû mast dêr sitten bliuwe." Ik lei de pet by him del.
Doe gongen ik en myn kammeraet elk oan in kant fan 'e murd stean, en doe kommen wy stadich tichterby. Myn kammeraet kom sa tichteby, dat hy koe dy murd in tikje jaen op 'e poat. Doe wie de murd yn in omsjoch fuort.
De oare moarns kom ik by Baeije om in pakje tabak. Har hân siet yn 'e doek.
Ik sei: "Mankeart jo hwat oan 'e hân?"
"Ja," sei se, "dêr ha 'k in smetplakje oan."
Ik sei tsjin myn kammeraet: "Ik ha ek nei âlde Baeije ta west om in pakje tabak. Sy hie in smetplakje oan 'e hân."
"Dat ha ik der even oan timmere, mast rekkenje", sei er.


Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Twee mannen gingen eens op bunzingjacht. Het pad liep over het erf van een echtpaar. De ene man was daar al eerder geweest. Toen had hij een bunzing op de weg gezien. Zijn hond durfde er niet op af. Toen de man het dier wilde grijpen, was het opeens verdwenen. Deze keer zat de bunzing er weer. De mannen naderden het dier elk aan een kant. Zo kon een van hen het beest verwonden. Toen de ander de volgende dag bij het echtpaar kwam, was de vrouw gewond aan haar hand. De mannen dachten dat zij de vorige dag zich had veranderd in een bunzing, en dat zij haar hadden verwond.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 705, verhaal 3

Commentaar

30 mei 1969
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

Sije Baeije    Sije Baeije   

Turk    Turk   

Naam Locatie in Tekst

Twizelerheide    Twizelerheide   

Twijzelerheide    Twijzelerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21