Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ071311

Een sage (mondeling), vrijdag 13 juni 1969

Hoofdtekst

Jan Mulder syn frou (Janne Luts) wenne oan 'e Skoallewyk yn 'e Houtigehage. It wie in tsjoenster, tominsten, dêr gong se foar troch.
Ritske van der Meer hie in jonge, Germ (dy wennet nou yn Limburch), dy jonge rekke siik. Janne Luts kom dêr in bult oer 'e flier. Dy jonge wie siik en bleau siik. Der wie neat oan to dwaen. Se hienen alle middels prebearre, it joech neat. Salang Lutske dêr har komst hie bleau dy jonge siik.
Doe ha se dy jonge syn kessen iepenmakke. Dêr kommen krânsen út, dy hie Luts der yn tsjoend.
Doe krigen se yn 'e gaten dat Luts de jonge bitsjoend hie. Doe ha se de krânsen opbrând en sy ha Luts it hiem forbean. Hja mocht dêr net wer komme. Fan dy dei ôf knapte de jonge op. Luts koe fleane op 'e biezemstok, seinen se.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Bij een familie kwam vaak een vrouw die ervan verdacht werd een heks te zijn. Toen een jongen uit het gezin ziek werd, dachten ze dat zij het kind betoverd had. Ze vonden kransen in zijn kussen, die ze verbranden. En de vrouw werd uit het huis gehouden. Sindsdien ging het beter met de jongen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 713, verhaal 11

Commentaar

13 juni 1969
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Jan Mulder    Jan Mulder   

Janne Luts    Janne Luts   

Ritske van der Meer    Ritske van der Meer   

Germ    Germ   

Naam Locatie in Tekst

Skoallewyk    Skoallewyk   

Houtigehage    Houtigehage   

Limburch    Limburch   

Limburg    Limburg   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21