Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ072205

Een mop (mondeling), zaterdag 02 augustus 1969

Hoofdtekst

Der wienen trije studinten, dy kochten in deakiste. Dêr woenen se in grap mei ha. Ien fan harren soe beare dat er dea wie. Dy kom yn 'e kiste to lizzen. Dy kiste, mei de studint der yn kom yn in forieningsgebou to stean.
Der wenne in skuonmakker yn it doarp; sy mienden dat dy nochal ûnnoazel wie en doe seinen se tsjin him, der lei in lyk yn 't gebou, as hy dêr in nacht by wekje woe, dan soed er in flesse jenever ta bileanning ha. Dat nom dy skuonmakker fuortdaliks oan. Dy skuonmakker nom syn ark allegear mei en sa siet er dêr in pear skuon to reparearjen. Doe't er dêr in moai skoft sitten hie, gong it deksel fan 'e kiste in bytsje iepen en dy't der yn lei, soe oerein rize, mar de skuonmakker rint op him ta mei de hammer en slacht him dêrmei lyk yn 't gesicht en seit: "Dy't dea is, mat dea bliuwe."


Onderwerp

AT 1711* - A Wood-cutter does not Fear the Dead    AT 1711* - A Wood-cutter does not Fear the Dead   

ATU 1711*    ATU 1711*   

Beschrijving

Een paar studenten wilden eens een grap uithalen met de onnozele schoenmaker. Ze kochten een doodskist, en een van hen ging er in liggen. Ze vroegen de schoenmaker een nacht bij het lijk te waken, in ruil voor een fles jenever. Dat vond de schoenmaker prima. Toen hij een tijdje bezig was met het repareren van een paar schoenen, zag hij de deksel van de doodskist langzaam omhoog gaan en het lijk eruit komen. Snel gaf hij hem een klap met zijn hamer en hij zei: "Wie dood is, moet dood blijven."

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 722, verhaal 5

Commentaar

2 augustus 1969
A Wood-cutter does not Fear the Dead

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21