Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073601

Een mop (mondeling), dinsdag 22 juli 1969

Hoofdtekst

Der wienen twa boerkes, dy wienen allebeide kristlik.
Der wie ek in greate boer, dat wie greate Bartele.
Greate Bartele wie ryk en net in bêsten. Hy hie dy beide lytse boerkes faillyt makke. Mar op 't lêst kom Bartele syn tiid en stoar hy.
Ien fan 'e lytse boerkes woarde siik. It woe net betterje. Hy lei op bêd. Doomny kom by him en sei: "Ik sil 't dy mar fortelle, ik ha mei de dokter praet, dû mast hjir wei."
"Mar," sei doomny, "dat is net sa slim: dû giest doch nei de hemel."
"Jawis," sei 't boerke, "dêr kom ik dòch yn."
De oare moarns komt syn kammeraet by him. Dy hie èk al heard dat er stjerre moest.
"Och," sei 't lytse boerke, "ik bin doch bliid, dat ik yn 'e hemel kom."
"Dat is èk sa," sei syn kammeraet, "mar o, hwat haw ik wer in rare droom hawn, jonge." (Dat boerke droomde soms, en hwàt er droomde, dat kom altyd presys sa nei, dêr koe men mar steat op meitsje)
"Hwat hast dû dan droomd?" sei 't sike mantsje.
"Ik droomde, greate Bartele wie èk yn 'e hemel."
"Och-och," sei 't sike boerke, "hwat hat dy doomny my dan bidragen. Hwant hy sei tsjin my: 'Bartele komt net yn 'e hemel.'" De oare moarns kom doomny by him en doe sei er: "O doomny, hwat ha jo my nou bedragen."
"Hoe is 't nou?" frege doomny.
Hy sei: "Greate Bartele is èk yn 'e hemel, en jo seinen, dy kom der net yn."
"Ja," sei doomny, "mar greate Bartele dy hinget der mar yn. Jo komme dêr yn in moaie stoel to sitten."
"Dat is goed en wol," sei 't sike boerke, "mar dan wol ik der net yn. Hwant hy hat ús hjir ûnder altyd pleage en dan pleaget er ús dêr boven nòch wer."
"Nou," sei doomny, "dan matte jo it sels mar wite, mar dan binne jo by de forlorenen."
"Lit dat dan mar sa wêze," sei 't boerke, "leaver by de forlorenen as by greate Bartele."
(greate Bartele wie in boer dy't yn Drachten wenne hat).


Beschrijving

Een christelijke boer lag op sterven, en de dominee verzekerde hem ervan dat hij in de hemel zou komen. De broer van de boer had weer een van zijn voorspellende dromen gehad, en tot nu toe waren ze altijd uitgekomen. Hij had gedroomd dat boer Bartele ook in de hemel was. Dat was een rijke boer, die de twee broers altijd slecht behandeld had, en zelfs failliet had laten gaan. Als dat zo was, wilde de stervende niet naar de hemel, ook al betekende dat dat hij dan bij de verlorenen zou komen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 736, verhaal 1

Commentaar

22 juli 1969

Naam Overig in Tekst

Bartele    Bartele   

Naam Locatie in Tekst

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21