Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073603

Een mop (mondeling), dinsdag 22 juli 1969

Hoofdtekst

Der wie in grifformearde doomny, dy kom by in rooms-katholike pastoar op bisite. Dy pastoar hie in nije pasterije krige. Hy hie in tige kreaze húshâldster.
De doomny sei: "Hwat ha jo dêr in moaije húshâldster."
"Ja," sei de pastoar, "dat is ek sa."
"Dêr sliepe jo nachts tink ek by, net?" sei de doomny tsjin 'e pastoar.
"Dêr ha wy it wer," sei de pastoar, "altyd sitte jim op 'e roomsken to fikken. Mar litte wy dêr no mar net langer oer prate, ik sil jo hwat antyks sjen litte."
"Dat liket my goed ta", sei de doomny.
"Sjoch, dat lytse glêzene potsje," sei de pastoar, "dat wol 'k net misse, foar gjin tûzen goune."
De doomny biseach it, doe sei er: "Nou mat ik jou hûs ek nochris bisjen."
'Goed," sei de pastoar, "dat kin wol."
De pastoar roan foarop en de doomny der achteroan. Doe pakte de doomny gau dat glêzene potsje sûnder dat de pastoar it fornom.
"It is in prachtich-moai hûs," sei de doomny, "skitterend."
"Ja, sjoch," sei de pastoar, "yn dizze keamer slept de húshâldster." Doe gong de pastoar wer foarop en doe roannen se nei de pastoar syn sliepkeamer ta. De doomny raemde gau dat glêzene potsje ûnder 'e pastoar syn tekken. De pastoar hie der neat fan fornom.
De oare moarns, dêr kom de pastoar by de doomny oan hûs.
"Nou is 't net bêst," sei er, "dat glêzene potsje is fuort. Wite jo soms ek, hwer't it is, doomny?"
De doomny sei: "Ik gean ûnherroepelik mei jo mei, dan sille wy 't opsykje, hwant it mat dêr by jo wêze."
Doe't se by de pastoar yn 'e pasterije wienen sei de doomny: "Kom mar ris mei nei jou sliepkeamer ta. Dan sille wy dêr earst ris sjen." Hja dêr hinne.
"Nou, pastoar," sei er, "licht dy tekken mar ris op."
"Sjoch, pastoar," sei er, "dêr leit it glêzene potsje. Sliepe jo nachts nou ek by de húshâldster, ja of né?"
"Nou ja," sei de pastoar, "fannacht haw ik by har slept."
"Krekt," sei de doomny, "dat koe ek net oars, hwant ik ha juster dat potsje yn jou bêd lein en as jo dêr lein hienen hie 't stikken west."


Onderwerp

AT 1842C* - The Rector's Nights    AT 1842C* - The Rector's Nights   

ATU 1842C*    ATU 1842C*   

Beschrijving

De gereformeerde dominee was eens bij de katholieke pastoor op bezoek. Hij vroeg hem of hij ook bij zijn mooie huishoudster sliep. De pastoor wilde daar geen antwoord op geven. De dominee kreeg een rondleiding door het huis. Stiekem legde hij een pronkstuk uit de antiekkast van de pastoor in diens bed. De volgende dag zei de pastoor dat zijn antieke, glazen potje weg was, en of de dominee wist waar het was. Toen liet de dominee zien dat hij het in het bed van de pastoor had gelegd. Toen moest de pastoor wel toegeven dat hij bij zijn huishoudster had geslapen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 736, verhaal 3

Commentaar

22 juli 1969
The Rector's Nights

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21