Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073804

Een sage (mondeling), vrijdag 22 augustus 1969

Hoofdtekst

Ruerd van der Veen wie noch út myn famylje. Hy wenne yn 'e Harkema en wie by 't timmerjen. Mike Ruerd seinen se tsjin him. Op in kear kom er fan Eastemar. 't Wie yn 'e nacht. Sa kom er op 'e Mûzegroppe, doe seach er dat der ien foar him oproan. Hy rôp tsjin dyselde: "Wachtsje even, dan wol 'k mei dy rinne!" Mar dy oare sei neat werom en roan troch.
Doe sei Ruerd: "Ast net stean bliuwst, dan hou ik dy de kop yn mei de bile!"
Doe bleau dy oare stean en doe't Ruerd oan him ta wie, krige er him beet en smiet him boven oer de beammen hinne.
In twadde kear woarde er nochris wèr smiten.
Ruerd makke dêr sa'n reis dat hy lei dêr biwusteloas op 'e Mûzegroppewei doe't se him de oare deis foun ha. Alle ribben wienen stikken.


Onderwerp

SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.    SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.   

Beschrijving

Ruerd van der Veen zag op een nacht iemand voor hem lopen. Hij riep dat hij op hem moest wachten, zodat ze samen konden lopen. Maar de ander liep gewoon door. Toen dreigde Ruerd hem neer te slaan als hij niet wachtte. De ander bleef toen staan. Toen Ruerd bij hem kwam, werd hij door de ander meerdere keren beetgepakt en over de bomen heen gegooid. De volgende dag vonden ze hem bewusteloos en met al zijn ribben gebroken.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 738, verhaal 4

Commentaar

22 augustus 1969
Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.

Naam Overig in Tekst

Ruerd van der Veen    Ruerd van der Veen   

Mike Ruerd    Mike Ruerd   

Mûzegroppe    Mûzegroppe   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Eastermar    Eastermar   

Oostermeer    Oostermeer   

Mûzegroppewei    Mûzegroppewei   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21