Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ075005

Een sage (mondeling), maandag 25 augustus 1969

Hoofdtekst

Der siet hwat jongfolk by elkoar yn 'e herberch. Der wie ek in polderjonge by. "Ik bin foar de duvel net binaud", sei er.
"Dat sille wy nochris sjen", tochten de oaren. Doe seinen se tsjin him of er wol yn 'e nacht, om tolve ûre nei 't tsjerkhôf ta gean doarst en dêr út it knekelhúske in deabonke helje.
Dan soed er in tientsje ha as er dat die.
"Dat nim ik oan", sei de polderjonge.
Mar in oaren ien, dy't mei him wedde hie, gong der gau fan tofoaren hinne. Hy kroep boppe op 'e spantsjes, lei dêr in planke op en gong dêr op lizzen. Sa wachte er op 'e polderjonge.
Doe't it tolve ûre wie, dêr gong de doar iepen en dêr kom de polderjonge der yn. Hy raemde fuort mei de hân yn 'e bonken om en sei: "Dêr ha 'k al ien."
Mar doe klonk it fan boppe mei in raer lûd: "Dat is mijn grootvaders been!"
De polderjonge goaide de bonke wer del en sei: "Nou, dan krij 'k in oaren."
Doe krige er wer in bonke topakken. Mar doe sei dy fan boppe: "Dat is mijn grootmoeders been!"
De jonge smiet de bonke wer del en sei: "Dan krij 'k in oarenien." En hy krige in oare bonke.
Mar doe sei dy oare: "Dat is mijn vaders been!"
"Dan krij 'k in oaren", sei de polderjonge wer, en dat die er.
Doe sei dy oare: "Dat is mijn moeders been!"
Doe sei de polderjonge: "It binne fordomme dines allegear, mar ik pak in bonke en ik gean fuort."
En dat die er.
Hy hie it tientsje fortsjinne.


Onderwerp

VDK 1676D* - Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."    VDK 1676D* - Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."   

ATU 1676D    ATU 1676D   

sinVDK 1676D* - Der Gang zum Knochenhaus um einen Totenkopf zu holen.    sinVDK 1676D* - Der Gang zum Knochenhaus um einen Totenkopf zu holen.   

Beschrijving

Een polderjongen wedde dat hij 's nachts wel een been van het kerkhof durfde te halen. Een ander wachtte hem die nacht boven op het knekelhuis op. Toen de jongen een been had gepakt, bonkte hij en zei hij dat dat zijn grootvaders been was. De jongen pakte een ander been, maar nu zei hij dat dat zijn grootmoeders been was. Zo ging het even door, en toen zei de jongen dat het hem niets kon schelen. Elk been was wel van iemand geweest, en hij nam er een mee.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 750, verhaal 5

Commentaar

25 augustus 1969
Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21