Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ077101

Een mop (mondeling), zaterdag 20 september 1969

Hoofdtekst

Der wie in jonge, dy die in biropskeuze. Hy woe mar skuonmakker wurde. Hy gong by forskillende skuonmakkers lâns, mar sy fregen him oeral: "Hastû ek diploma's?" En dy hie dy jonge net en dan koenen se him net brûke. De jonge liet de moedfearren op it lêst sakje. Hy tocht: ik krij nergens in plak as skuonmakkersfeint.
Doe gong er ris op in kear nei in goekunde ta fan syn heit. Hy fortelde de man fan syn toleurstellings. Hy sei: "Ik krij sûnder diploma's noait wurk."
Doe sei dy persoan tsjin him: "Nou sil ik dy ris nei in skuonmakker tastjûre, dat is hwat in typyske baes, mar dêr makkest miskien in kâns."
De jonge komt by dy skuonmakker en freget him: "Baes, kinne jo ek in feint brûke?"
Doe sei dy baes: "Hast ek diploma's?"
"Né", sei de jonge.
"Hast wolris examens dien?"
"Och," sei de jonge mismoedich, "al wèr itselde lietsje. Nou tocht ik, dat ik hjir de kâns krije soe. Mar ik hear it wol."
De baes sei: "Ik sil dy de kâns jaen." Hy sei: "Ik nim dy sels it examen ôf."
Sa gebeurde it dan dat dy jonge dêr syn yntrede die. De jonge koe bliuwe, mar dan moest er slagje foar syn examen.
De baes sei tsjin him: "Hoe silstû my neame?"
De jonge sei: "Baes."
"Mis," sei er, "dû matst my neame 'baes der bazen'.
De skuonmakker sei: "Hoe silstû myn bêd neame?"
"Bêd", sei de jonge.
"Né," sei de skuonmakker, "dat matstû neame 'bernakel'.
En hy sei: "Hoe silstû dan myn broek neame?"
"Broek", sei de jonge.
"Mis," sei de skuonmakker, "dêr mast tsjin sizze 'nikkebokker'.
Doe sei er: "Hoe silst myn wiif neame?"
"Frou", sei de jonge.
"Né," dû seist tsjin har: - Schone frou Permonade -"
"En hwat silst tsjin 'e kat sizze?" frege er de jonge.
"Poes", sei dy.
"Ek al wer mis", seit de skuonmakker, tsjin 'e kat seist 'grote Karel Kropus'.
"En hwat seist tsjin 't fjûr?"
"Kachel", sei de jonge.
"Né," sei de skuonmakker, dû mast sizze: - hete kakkelorium -"
"En hwat seist tsjin 'e put?"
"Put", sei de jonge.
"Né, tsjin 'e put seist 'mooi fontein'."
"En hwat seist tsjin 't hûs?"
"Hûs", sei de jonge.
"Né," sei de skuonmakker, "tsjin 't hûs seistû - Kasteel Müncho -"
De jonge rekke dy jouns net let op bêd en de oare moarns wie hy der al bitiid wer ôf. De baes en syn frou leinen noch op bêd en de poes wie by him yn 'e keamer.
Hy aeit de poes hwat oer de rêch. De sturt fan 'e poes stiet rjocht oerein. De jonge tinkt: dat is krekt in flaggestok, dêr moest eins in flachje oan. Tafallich leit dêr in kniper. De jonge kriget in stikje papier en bynt dat mei de kniper de kat op 'e sturt. Dy kniper docht de kat sear. Dat de kat makket wylde sprongen troch de keamer hinne. Hy docht it hwat langer hwat mâller en alles tûmelt ûnderstoboven.
Dan fljocht de kat mei syn sturt by de hite kachel lâns en 't stik papier rekket yn 'e brân. De sturt bigjint ek to brânnen. Mei dy brânnende sturt fljocht de kat yn 'e gordinen op en dy bigjinne ek to brânnen.
De jonge rekket alhiel yn panyk en bigjint to roppen: "Baas der bazen, sta op van uw bernakel en skiet jou nikkebokkers oan en roep uw skone frou Permonade. Want grote Karel Kropus kwam te dicht bij de hete kakkelorie, en als je geen hulp vraagt aan mooi fontein, gaat heel kasteel Müncho ten prooi van hete kakkelorie."
Doe't de jonge dat sein hie koed er bliuwe.
Hy wie foar 't examen slagge.

Onderwerp

AT 1562A - The Barn is Burning    AT 1562A - The Barn is Burning   

ATU 1562A    ATU 1562A   

Beschrijving

Een jongen doet een beroepskeuzetest en hieruit komt dat hij schoenmaker wil worden. Hij kan echter nergens werk vinden zonder diploma, behalve bij eentje die hem zelf het examen af wil leggen en een kans wil geven. De man geeft overal speciale namen aan. De volgende morgen als de schoenmaker en zijn vrouw nog in bed liggen, aait de jongen de kat wiens staart daarna recht overeind gaat staan. Het lijkt net een vlaggestok en de jongen bindt er een met een knijper een papiertje aan vast. De knijper doet de kat zeer en hij maakt gekke sprongen, komt langs de kachel waarbij het papiertje vlam vat en rent tegen de gordijnen op, die ook beginnen te branden. In paniek roept hij zijn baas in de benamingen die de baas wil horen en hij is geslaagd voor het examen. Hij mag blijven.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 771, verhaal 1

Commentaar

20 september 1969
The Barn is Burning

Naam Overig in Tekst

Schone frou Permonade    Schone frou Permonade   

grote Karel Kropus    grote Karel Kropus   

Kasteel Müncho    Kasteel Müncho   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21