Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ080109

Een mop (mondeling), dinsdag 11 november 1969

Hoofdtekst

Der wie in rike boer en der wie in earme boer. De rike boer hie altyd de gek mei de earme boer, omdat dy mar ien koe hie. Dy koe gong dea.
Doe gong dy earme boer nei de rike boer ta om jild to lienen, hwant hy woe graech wer in koe keapje. Mar dy rike boer wegere.
Doe strûpte dy earme boer syn koe en hy gong mei de hûd fan 'e koe op stap. Froeger moesten se alles birinne. Hy woe nei stêd ta.
Yn Burgerheide kom er troch de bosk. Dêr fornimt er mannen, dy fortrout er net.
Se komme him tomjitte en hy krûpt gau yn 'e beam.
Tafallich geane dy mannen ûnder dy beam sitten. It binne rovers en hja telle it jild dat se stellen ha.
As de earme boer dêr in skoftsje yn 'e beam sitten hat, ûntfalt de hûd him. Dy komt boppe op 'e rovers tolânne. Dy rovers wurde deabinaud. Hja tinke: alles sil forgean, dat hja komme hastich ûnder 'e beam wei en smeare him en sy litte alles achter.
De earme boer lit him fluch by de beam delglide. Hy fandelt gau it jild byinoar en komt thús.
Dan lient er de jildmjitte fan de rike boer. Mar dy is nijsgjirrich en bistrykt de boom mei sjippe, om gewaer to wurden hwat de earme boer der mei docht.
As de earme boer de mjitte werombringt, bliuwt der in goudstik yn sitten. Dan freget de rike boer him hoe't er oan safolle jild kom is.
"Sa djûr bin de koehûden," seit de earme boer, "dit ha 'k allegear foar myn koehûd bard."
Dan lit de greate boer al syn kij slachtsje. Mar as hy se yn 'e stêd forkeapet, bringe de hûden net safolle op, dat hy der in koe foar werkeapje kin.
Dan komt de greate boer by de lytse boer en freget him of dy him sinten liene wol foar in koe.
"Né jong," seit de lytse boer, "hiest mar in bettere koopman sykje matten, dan hiest èk safolle krigen as ik."
Dat, doe koe de greate boer gjin koe keapje en forfoel er ta de biddelstok.


Onderwerp

AT 1535 - The Rich and the poor Peasant    AT 1535 - The Rich and the poor Peasant   

ATU 1535    ATU 1535   

Beschrijving

Er waren eens een rijke boer en een arme boer. De koe van de arme boer ging dood, en vroeg een geldlening aan de andere boer. Deze weigerde. De arme boer ging toen naar de markt om de huid van de koe te verkopen. In het bos verstopte hij zich in een boom toen hij een paar rovers aan zag komen. Juist onder die boom gingen zij hun geld zitten tellen. Per ongeluk liet de boer toen de huid vallen. De rovers dachten dat de wereld verging, en gingen er snel vandoor. De boer nam hun geld mee, en ging weer naar huis. De rijke boer vond uit dat de arme boer opeens heel veel geld had. Hij zei dat hij al dat geld voor de koeienhuid had gekregen. De rijke boer besloot toen om al zijn koeien te villen, en met de huiden naar de markt te gaan. Daar kreeg hij zo weinig voor de huiden, dat hij er geen eens een koe meer voor kon kopen, en hij verviel tot de bedelstaf.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 801, verhaal 9

Commentaar

11 november 1969
The Rich and the poor Peasant. (Unibos.)

Naam Locatie in Tekst

Burgerheide    Burgerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21