Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ110619

Een mop (mondeling), maandag 15 april 1974

Hoofdtekst

Pake fan 't Swartfean fortelde: 't Gebeurde by 't maitiid.
De boer en de lytsfeint wienen togearre oan 't houtkappen. Hja wienen op 't lân en 't wie tige kâld. It frear dat it ongele. De boer hie syn moffen forgetten.
Hy sei tsjin 'e lytsfeint: "Dû mast even nei hûs ta gean en dan mast myn moffen ophelje."
De lytsfeint wie in jonge baes fan sawntsjin jier. Hy wie goed by de pinken en ûnderweis prakkesearre hy der oer, hwat er nou dwaen koe. Hy tinkt: ik mat myn kâns aenst waernimme. Dat, doe't er thúskaem, sei er tsjin 'e frou en tsjin 'e faem: "De boer hat sein, ik mat mei jim allebeide gedonder ha."
"Biste gek?" sei de frou, "hwat mienst wol net. Soks seit myn man net."
"Nou," sei er, "kom dan mar mei, as jo my net leauwe wolle. Dan sil ik de boer roppe."
Hja geane mei har trijen nei achteren. De boer is op in stik lân oan 't houtkappen.
De feint docht de doar iepen en ropt: "Hé - boer - "
"Hwat is der oan?" raesde de boer werom.
"Hwat ha jo sein," rôp de feint, "ien of allebeide?"
"Nou, domme duvel," rôp de boer werom, "allebeide ha 'k dochs sein!"
"Jimme hearre 't", sei de feint tsjin 'e beide froulju.
"Nou," sei de frou, "dan ik earst mar, hwant myn man docht der yn 't lêst neat mear oan, en de faem, dy kriget him alle snein-to-jounen fan har feint."

Onderwerp

AT 1563 - "Both?"    AT 1563 - "Both?"   

ATU 1563    ATU 1563   

Beschrijving

Een boer beveelt zijn knecht zijn handschoenen te halen in het huis. Als de knecht in het huis komt, zegt hij tegen de boerin en de meid dat de boer hem opgedragen heeft met hen allebei seks te hebben. De vrouwen willen dit niet geloven en de knecht roept hierop de boer 'Een of allebei?' toe. Als de boer 'Allebei!' terugroept, gaan de vrouwen akkoord. De boerin wil als eerste omdat haar man nooit meer wil.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1106, verhaal 19 (archief MI)

Motief

K1354.1 - ”Both?“    K1354.1 - ”Both?“   

Commentaar

15 april 1974
"Both?"

Naam Locatie in Tekst

Swartfean    Swartfean   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21