Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111812

Een sage (mondeling), woensdag 17 juli 1974

Hoofdtekst

Hjir yn 'e Westerein wie in bern, dat rekke bitsjoend. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie de duvelbanner. It bern hie krânsen yn 't kessen en dêr sieten allegear triedden en lapkes yn dy krânsen bifrissele, dy wienen út 'e klean dy't dêr yn dat hûs troch de húsgenoaten fan dat bern droegen woarden. Wopke joech in drankje en sei: "Tink der om, ûnderweis wol jo ien passeare en dy wol oan dy kant by jo lâns, dêr't jo it drankje drage. Mar jo matte der foar soargje dat dat net gebeurt."
Doe wie der dat minske ûnderweis in frommes foarby kaem, dy prebearre har oan kant to triuwen. Hja woe oan dy kant lâns, dêr't it drankje wie. Doe rekke it drankje stikken.
Doe moest dat minske opnij nei Wopke ta. En doe krige se wer in drankje mei.
Deselde dy't har tomjitte kaem wie en 't drankje stikken makke hie, wie de tsjoenster, dy't it bern bitsjoend hie.
It bern krige fan 't drankje yn en doe't dat bern hwat yn 'e pot dwaen moest, siet dêr in mûs yn. Dy wie 't bern út de terms kom. Mar doe wie 't genezen.
Dat minske, dat him bitsjoend hie, foroare har nou en dan yn in pânse.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een ziek kind blijkt betoverd. Heksenkransen die in het kussen van het kind zitten blijken draadjes en lapjes te bevatten afkomstig uit de kleding van de andere gezinsleden. Wopke de duivelbanner geeft een drankje mee maar waarschuwt voor iemand die het op het medicijn voorzien heeft. Diegene mag niet passeren aan de kant waar het flesje gedragen wordt, aldus Wopke. Wopkes voorspelling komt uit: een vrouw - de heks - loopt langs het drankje en het flesje valt stuk. Wopke geeft een nieuw drankje mee. Het betoverde kind poept vervolgens een muis uit. Het kind is hierna genezen. De heks in kwestie kan zich ook in een pens veranderen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1118, verhaal 12 (archief MI)

Commentaar

17 juli 1974
Heks maakt kind (mens) ziek & TM 3110 De pens in het bed

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21