Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112301

Een sage (mondeling), zaterdag 03 augustus 1974

Hoofdtekst

Myn suster wie noch in famke. Op in kear wie se mei twa oare famkes oan 't spûkeboartsjen, tichte by 't spoar. Doe kaem der in man foarby. Dy sei: "Pas op, famkes, jimme matte net spûke-boartsje, hwant dan kin it spûk jimme wolris krije!"
Doe gong dy man fierder.
Fuort dêrnei fleach der in ding troch de beammen hinne, hwat it wie koe myn suster net sjen, mar fan dat momint ôf wie se siik. Hja bigoun to sukkeljen en dat hat fiif jier duorre. Doe is se stoarn.
Dy keardel, dy't dat tsjin 'e famkes sei, kaem fan Sweagerbosk. It wie in greate tovenaer.


Beschrijving

Een man berispt een stel meisjes dat spookje speelt. De meisjes zullen zélf te pakken worden genomen door een spook, aldus de man. Kort daarop vliegt er een ding door de bomen en wordt een van de meisjes ziek. Het meisje sukkelt vijf jaar met haar gezondheid en sterft uiteindelijk. De man - een tovenaar - heeft haar betoverd.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1123, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

3 augustus 1974

Naam Locatie in Tekst

Sweagerbosk    Sweagerbosk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21