Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112842

Een sage (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Jelle Hountsje (= Jelle v.d. Wâl) wenne to Hurdegaryp. Hy wie sa lui as in stok en die oars neat as hwat handelje. Op in kear hied er nei Ryptsjerk ta west. Dêr hied er in geit kocht mei greate hoarnen op 'e kop. Doe't er nei Hurdegaryp ta roan, moest er foar de spoarbomen wachtsje. De trein moest passeare.
Jelle moest noadich pisje. Hy boun de geit gau even mei 't tou oan ien fan 'e spoarbomen fêst en gong doe stean to pisjen, mei de rêch nei de spoarbomen ta. Wylst passearde de trein.
Doe't Jelle fierderop soe mei de geit hong dy geit heech yn 'e loft oan ien fan 'e spoarbomen, dêr't er it dier oan fêst boun hie. Doe moest er earst nei 't stasjon om de spoarboom delhelje to litten.
En doe moest er de geit losmeitsje. Dy wie dea.
Dit is echt gebeurd.

Beschrijving

Omdat een man moet plassen, bindt hij zijn geit zolang aan een van de spoorbomen bij een treinovergang vast. Als hij zich weer omdraait, bungelt de geit hoog in de lucht. De geit is dood.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 42 (archief MI)

Commentaar

onbekend

Naam Overig in Tekst

Jelle Hountsje    Jelle Hountsje   

Jelle v.d. Wâl    Jelle v.d. Wâl   

Jelle    Jelle   

Naam Locatie in Tekst

Hurdegaryp    Hurdegaryp   

Ryptsjerk    Ryptsjerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21