Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112849

Een sprookje (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

To Hynljippen wenne in âlde skuonmakker. Hy en syn wyfke hienen it och sa earmoedich.
Doe hie dy skuonmakker op in nacht in droom. Hy droomde, dat hy moest nei Amsterdam ta reizgje en dan moest er dêr op in bipaelde brêge stean gean. Trije dagen en trije nachten moest er dêr stean bliuwe, krekt salang oant ien him oanspriek. Doe gong dy skuonmakker mei de nachtboat fan Staveren nei Amsterdam ta en hy gong dêr op de biwuste brêge stean. Mar der wie net in minske dy't him oanspriek. Trije dagen en trije nachten hied er dêr sa stien, doe hied er syn nocht. Hy tocht: "ik gean nei hûs ta, ik kin de boat noch pakke." Hy soe krekt fuort, doe kom der in âld man by him. Dy sei: "Ik bin hjir de lêste dagen faek lâns kaem en dan seach ik jo hjir elke kear op 'e brêge stean. Hoe sit dat eins? Hwa binne jo?"
Doe sei de skuonmakker: "Ik kom út Fryslân. 'k Sil jo fortelle hoe't it sit. Ik ha droomd, ik moest nei Amsterdam ta en hjir op dizze brêge stean gean. Dan soe ik ryk wurde. Mar ik gean nou fuort, hwant it hat allegear neat jown."
"Ja," sei de âld man, "gean mar gau werom. Op dromen kin in minske net fortrouwe. Ik ha droomd fan in skat, dy siet yn in tsjettel. Dy siet fol gouden munten. Dy tsjettel siet yn 'e groun yn in bleek achter it hûs fan in skuonmakker yn Hynljippen. Mar ik laitsje hwat om sokke dingen. Drome is bidroch." De skuonmakker sei: "Ik gean fuort."
Hy gong as de donder nei hûs ta. Hy helle de skeppe op en gong dêr mei nei de bleek. 't Wie mar in lyts bleekje. Hy bigoun fuort to dollen. En doe foun er dêr in tsjettel mei goudene munten.
De munten forkocht er. Dêr barde hy in moai protsje jild foar. Hja kreazen it hûs hwat op mei nije meubels ensa.
De tsjettel brûkte er op 'e kachel. 't Wie in âlde izeren tsjettel. Dêr stie ek lêzen op, mar dat koe er net ûntsiferje. Dat wienen wurden yn in fremde tael.
Op in kear kom doomny op húsbisite. Dy sei tsjin 'e skuonmakker: "Jonge, hwat ha jo dêr in moaije antike tsjettel."
"Ja doomny," sei de skuonmakker, "dêr stiet ek lêzen op. Kinne jo dat lêze?"
Doe sette doomny de bril op en hy sei: "Ja, dêr stiet op: "Onder deze ketel zit nog veel groter ketel."
"O heden," sei de skuonmakker, "hwat krij ik ynienen in pine."
"Dan ga ik maar weg. Ik zal meteen wel even bij de dokter aanlopen en die naar je toesturen."
"Bêst, doomny", sei de skuonmakker, en doomny stapte op. Doe gong de skuonmakker wer mei de skeppe nei de bleek. Hy dolde op itselde plak dêr't er de tsjettel foun hie. Doe kaem dokter der oan. Dy seach nuver op. "Ik miende, dat jo pine hienen", sei er. "Dat is al wer oer", sei de skuonmakker. "Ik bin hjir hwat oan 't graven. 'k Sil hwat âlde rommel bidobje." Doe gong de dokter wer fuort.
De skuonmakker dolde fierder. Doe foun er in tsjettel, dy wie helte greater as de earste. Dy siet fol gouden munten. Doe wie de âld man klear. Doe wie er samar ynienen ryk woarn.

Onderwerp

AT 1645 - The Treasure at Home    AT 1645 - The Treasure at Home   

ATU 1645    ATU 1645   

Beschrijving

Een arme schoenmaker in Hindeloopen droomt dat hij in Amsterdam op een zekere brug zijn geluk zal vinden. De schoenmaker moet drie dagen en drie nachten op de brug staan totdat iemand hem aanspreekt. De schoenmaker vertrekt hierop welgemoed naar de hoofdstad en neemt plaats op een brug. Net als hij de moed op wil geven, komt een oude man hem vragen wat hij daar toch doet. De schoenmaker vertelt de oude man over de droom.De oude man wimpelt de droom af als bedrog en vertelt over een droom die hij ooit had en die ook niet uitgekomen is. De man vertelt dat hij droomde dat er in de tuin van een schoenmaker in Hindeloopen een ketel met gouden munten in de grond zit. De schoenmaker spoedt zich hierop naar huis en vindt inderdaad een ketel vol gouden munten. Als de dominee de schoenmaker - die nu uit de ergste geldzorgen is - bezoekt, vraagt de schoenmaker of hij de vreemde inscriptie die op de ketel staat kan lezen. De dominee vertelt dat er op de ketel 'Onder deze ketel zit nog een veel grotere ketel' staat. De schoenmaker graaft kort daarop een tweede ketel op. De tijd van armoede is nu voorgoed voorbij.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 49 (archief MI)

Commentaar

onbekend
The Treasure at Home

Naam Overig in Tekst

Hynljippen    Hynljippen   

Naam Locatie in Tekst

Hindeloopen    Hindeloopen   

Amsterdam    Amsterdam   

Staveren    Staveren   

Fryslân    Fryslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21