Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113012

Een sage (mondeling), dinsdag 20 augustus 1974

Hoofdtekst

De tsjoenster dy't tichte by ús wenne, wie troud. Har man wist wol dat hja tsjoene koe.
Op in kear kaem der in famke by dy lju en doe sei dy tsjoenster tsjin dat famke: "Sjoch leave, hjir hast in moaije apel fan my."
Mar doe sei de âld man tsjin har: "Dû jowst dat bern net in apel."
Wy mochten noait hwat fan har oannimme, hwant dan woarden wy bitsjoend.
Har man hie in frachtrit. Hy hie in karre mei trije hounen. Hy fokte ek wolris in houn en dy forkocht er dan. Fan syn earste frou hied er in soan en dy wenne yn Assen. Dy hie tsiis to keap en dat forkocht er oan 'e soldaten. Doe frege er syn heit in kear om in houn. Syn heit hie in moai reabont hountsje, mar dat moest noch in pear wike âlder wêze, dan koe de soan it helje. Mar krekt fan tofoaren, op in moarn, wie it hountsje kroandea. It wiif hie him deatsjoend. (Hja mocht dy soan fan har man net lije, omdat dat ien wie fan de earste frou.)


Onderwerp

SINSAG 0586 - Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten    SINSAG 0586 - Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten   

Beschrijving

Kinderen wordt verboden iets van een heks aan te nemen omdat zij hen kan betoveren. De heks heeft ook wel eens een hond dood getoverd van de zoon van haar man.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1130, verhaal 12 (archief MI)

Commentaar

20 augustus 1974
Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten

Naam Locatie in Tekst

Assen    Assen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21