Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113023

Een sage (mondeling), dinsdag 20 augustus 1974

Hoofdtekst

Wy gongen froeger wol nei Grinslân ta to wjûden en to flaechsteppen. Op in kear wienen wy by in boer yn Uthuzermeden. Us mem wie der ek by.
Wy moesten sliepe yn in skuorre, dêr doochde it net. Dêr wie ris ien formoarde woarn yn dy skuorre.
Der wie in bipaeld plak, dêr koe net in minske lizze. Mem wist dat net, dy soe dêr lizzen gean, doe sei Karste Lamke tsjin har: "Tink der om, dêr net."
Mem moest dêr hyltyd oan tinke en koe dy nachts net yn 'e sliep komme. Doe seach mem dy geest dêr yn 'e nacht wandeljen. Mem sei: "Joun", mar krige gjin gehoar.
Myn broer sei, doe't er dat hearde fan dat plak, dêr't in minske net lizze koe: "Skytmerakels allegear!" En hy gong dêr de oare jouns lizzen. "As se my forsmite wolle," sei er, "my bêst." Mar de oare moarns lei er wòl op in oar plak. Hy wie forsmiten woarn.
Doe fregen se dy deis oan 'e boer, hoe't dat eins siet. Heit frege him of er ek wol ris hwat fornom hie.
Doe sei dy boer, hy hie ris op in nacht nei de skuorredoarren ta west om dy to kontrolearjen of se wol goed sluten wienen. Syn houn, in greate sterke hiemhoun, hied er by him hawn. Doe krige dy houn samar ynienen in klap. "De hond jankte al om mij tou, en jankte al om mij tou," sei er, "maar ik heb niks sien."

Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

In een bepaalde schuur gebeuren vreemde dingen: een spookschuur. Op een bepaalde plek op de grond kan je niet liggen. Overnachtende arbeiders worden ruw van die plaats gesmeten. Ook een hond heeft eens een flinke klap gehad. Een vrouw ziet 's nachts een geest wandelen in de schuur. In de schuur is ooit iemand vermoord.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1130, verhaal 23 (archief MI)

Commentaar

20 augustus 1974
Andere Tote spuken (34. Ermordete)

Naam Overig in Tekst

Uthuzermeden    Uthuzermeden   

Karste Lamke    Karste Lamke   

Naam Locatie in Tekst

Grinslân    Grinslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21