Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113103

Een sage (mondeling), donderdag 22 augustus 1974

Hoofdtekst

De Skilige Piip is achter Feanwâlden, oan diz kant de Boppewei. Dêr siet in kiste mei jild yn 'e groun, dêr koenen se noait by komme. In fuorman fan Feanwâlden dy gong dêr ris mei in pear maten hinne yn 'e nacht. Doe bigounen dy maten dêr to graven. Hja stompten mei de lodde op hwat. Dat wie de kiste. Mar dy sakke djipper ta de groun yn, doe't se him rekken. Hja groeven oan hast twa ûre ta.
Doe kaem it spoek mei de giele hakken der oan.
De fuorman seach him, hwant dy siet hyltyd op 'e bok fan 'e wein to wachtsjen op syn maten. Hy wie hielendal net bang foar dat spoek mei de giele hakken. Hy sei tsjin it spoek: "Dû meist wol by my op 'e bok komme." Doe gong dat spoek njonken him sitten. Mar doe woenen de hynders net mear foarút. De klok fan 'e Feanwâldster tsjerketoer sloech twa ûre yn 'e nacht. Doe fleach it hiele spul, it rydtúch mei de hynders en de fuorman en syn maten yn in beampoel. Dêr binne se yn forsonken. Men hat se noait wer sjoen.
Doe waerd der letter sein, hja hienen it forkeard oanlein. Hja hienen by it graven praet, en dat mocht bislist net. Deselde dy't de kiste dêr bigroeven hat, dy hat dêr wurden by sprutsen. Hiene hja dyselde wurden wer brûkt, dan hienen se de kiste opgrave kind, mar net ien wyt hwat dy wurden wienen.

Onderwerp

SINSAG 0401 - Der verborgene Schatz.    SINSAG 0401 - Der verborgene Schatz.   

Beschrijving

Op een spookplaats zit een kist geld in de grond. Als iemand de kist probeert op te graven, zakt die steeds dieper de grond in. Een stel gravers wordt 's nachts eens opgeschrikt door het spook met de gele hakken. De voerman van de wagen waarop de gravers gekomen zijn is helemaal niet bang voor het spook en nodigt het uit naast hem op de wagen plaats te nemen. Vervolgens lukt het de voerman niet meer de paarden vooruit te krijgen. Als de klok twee uur slaat, vliegt de wagen ineens vooruit de poel in. De wagen zinkt en is nooit meer gezien. Later zei men dat het verkeerd afgelopen is omdat de gravers tijdens het graven niet gezwegen maar gepraat hebben. Alleen als je de woorden kent die diegene die de schat vroeger begroef uitgesproken heeft, mag je die uitspreken en kun je de schat opgraven.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1131, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

22 augustus 1974
Der verborgene Schatz.

Naam Overig in Tekst

Skilige Piip    Skilige Piip   

Feanwâldster    Feanwâldster   

Naam Locatie in Tekst

Feanwâlden    Feanwâlden   

Boppewei    Boppewei   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21