Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113604

Een sage (mondeling), maandag 02 september 1974

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie forlet fan jild, mar hy koe nergens jild krije. Doe kaem de duvel by him. "Kinst fan my wol jild krije," sei de duvel, "mar ik mat it op dy en dy datum werom ha mei rinte, en sa net, dan bist dyn siele kwyt."
De boer liende it jild, mar doe't de duvel letter op 'e ôfsprutsen datum forskynde, hie er it jild net.
"Dan dyn siele", sei de duvel.
"Kin 't net in bytsje oars?" frege de boer, "myn siele wol 'k graech hâlde."
De duvel sei: "Astû my in opdracht jowste, dy't ik net forfolle kin meist dyn siele hâlde."
Doe naem dy boer in sekfol rogge en in sekfol hjouwer en dy smiet er troch elkoar. Dat moest de duvel skift ha foardat de dei om wie.
Dat hie de duvel samar foarinoar.
Doe naem dy boer twa fluezen wolle, in swart flues en in wyt flues, dy sieten hiel bot trochinoar yn 'e tiis. De duvel moest dy tizerij út elkoar helje, swart by swart en wyt by wyt. Mar dat koe de duvel net.
Doe hat dy boer syn siele hâlden.


Onderwerp

AT 1178* - Unraveling a Net    AT 1178* - Unraveling a Net   

ATU 1178    ATU 1178   

Beschrijving

Een boer met geldgebrek leent geld van de duivel en belooft de duivel de som op een bepaalde datum af te lossen met rente. Kan hij het bedrag niet teruggeven, dan is hij zijn ziel kwijt, aldus de duivel. Als de duivel op de afgesproken datum verschijnt, kan de boer het bedrag niet ophoesten. De duivel belooft de boer dat hij zijn ziel mag houden als hij de duivel een opdracht kan geven die hij niet vervullen kan. De boer gooit eerst een zak hooi en een zak rogge door elkaar en laat die de duivel schiften. De duivel volbrengt de opdracht moeiteloos. Als de boer hem vraagt twee in elkaar gedraaide schapenvachten - een witte en een zwarte - te ontwarren, moet de duivel het laten afweten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

2 september 1974
Unraveling a Net

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21