Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113633

Een mop (mondeling), maandag 02 september 1974

Hoofdtekst

Der wienen twa pearkes, dy trouden tagelyk.
Doe't der seis jier forroun wienen hie 't iene pearke al seis bern, wylst it oare pearke mar twa hienen.
Dy frou fan dat iene pearke hie 't o sa drok mei sa'n keppel bern. Hja woe wol dat se ek mar twa hie ynpleats fan seis. Doe gong se ris nei de frou fan dat oare pearke ta en doe frege se: "Hoe ha jim dat, dat jim mar twa bern ha?"
"O," sei 't minske, "dat is hiel ienfâldich. Ik haw altyd in pear nije klompen oan op bêd."
Doe kocht it minske mei har greate húshâlding in pear nije klompen en dêr gong se mei op bêd.
Mar it joech neat. Hja moest al gau wer in bern ha. Doe gong se wer nei dy oare frou ta en se sei: "Jou ried hat neat jown."
"Och né," sei it minske, "it spyt my wol, mar ik ha der by forgetten to sizzen, dat it toutsje fêst sitten bliuwe mat, dêr't de klompen mei oan elkoar sitte."

Beschrijving

Van twee stellen die op dezelfde dag getrouwd zijn, heeft het ene stel na zes jaar al zes kinderen en het andere stel pas twee kinderen. Als de moeder van de zes kinderen vraagt aan de andere vrouw hoe ze het voor elkaar heeft gekregen maar twee kinderen te baren, raadt die de vrouw aan een nieuw paar klompen in bed te dragen. De wanhopige moeder doet dit maar is al gauw zwanger van de zevende. De andere vrouw zegt hierop dat ze vergeten is te zeggen dat het touwtje waarmee de klompen aan elkaar zitten er nog aan vast moet blijven zitten: het is de vrouw dan immers onmogelijk haar benen uit elkaar te doen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 33 (archief MI)

Commentaar

2 september 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21