Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113638

Een mop (mondeling), maandag 02 september 1974

Hoofdtekst

Der wie in âld frou, dat wie hwat in type. Dy hie in dochter, dat wie ek hwat in type. Dy dochter hie forkearing. Mar dy feint makke 't har altyd lestich. Dy woe hwat. Dan siet er mei syn hannen oan har om to tyspeljen om der mar by to kommen. Dêr hie dy faem in hekel oan en op in kear sei se it tsjin har mem. Doe't har mem dat heard hie sei dy: "Stil mar, ik sil wol meitsje, datst him nije wike wol gewurde litte kinste." Doe naem it minske de oare wyks, doe't de feint wer komme soe, in stik kninefel en dat plakte se har dochter mei lym yn it krús.
Doe't de feint der wie, liet de dochter him syn gong gean.
Dy nachts soe de feint nei hûs. Doe't er bûtendoar stie soed er pisje. Doe siet him it kninefel om 'e lytse man hinne.
Doe gong er gau foar 't finster stean en sei: "Tryn, ast pisje mast fanke, dyn ding leit hjir yn 't finsterbank, hear!"


Beschrijving

Een meisje vindt het niet prettig dat haar vriend al seks met haar wil hebben en ze heeft grote moeite de opdringerige jongen van zich af te houden. Haar moeder lijmt hierop een konijnenvel tussen de benen van haar dochter vast. Als de jongen weer toenadering zoekt, laat het meisje hem zijn gang gaan. Als de jongen even later wil gaan plassen, hangt er een konijnenvel aan zijn penis. De jongen legt het vel in de vensterbank en zegt dat 'haar ding' daar ligt voor het geval ze moet plassen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 38 (archief MI)

Commentaar

2 september 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21