Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113712

Een mop (mondeling), maandag 02 september 1974

Hoofdtekst

Der wienen in man en in frou, dy wienen noch net sa lang troud. Mar dy man bimuoide him noait mei syn frou. As se nachts togearre op bêd leinen taelde hy net nei har.
Doe gong dy frou nei de dokter ta. Se sei sa en sa.
"Ha jo ek pillen dy't him helpe kinne?"
"Jawol," sei de dokter, "sjoch hjir binne guon. Dêr matte jo jou man deis ien fan ynnimme litte."
De frou kaem thús en se joech har man deis ien sa'n pil. Mar it foroare neat. De man bleau like ûnforskillich foar har.
Doe gong dat minske hinne en doe joech se him de tritich pillen allegearre tagelyk. Mar doe wie se de nachts skjin mei him forlegen. En syn skoanmem, dy't by har ynwenne wie ek skjin mei him forlegen.
En ek de geit en ek de baerch, alles siet er achter. Doe kaem dokter dêr mei de auto lâns. Hy soe ris hearre of syn pillen al holpen hienen.
"It is net bêst," sei de frou, "jo matte him sels mar ris freegje. Hy is achterhûs."
De dokter foun him by de slypstien. "Hwat ha jo dêr by d' ein?" frege er.
Doe sei dy man: "Ik sil him hwat tinner slypje. Hwant de kanarje kin him sa net brûke; dêr is er to dik foar."


Beschrijving

Van pasgetrouwd paar taalt de man niet naar de vrouw, zelfs niet als hij dagelijks een pil krijgt. Als de vrouw hem in één keer dertig pillen geeft slaat zijn drift op hol. Dokter vindt hem bij een slijpsteen, waarmee hij zijn geslachtsdeel wat dunner wil slijpen, want nu is die te dik voor de kanarie.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1137, verhaal 12 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 september 1974,

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21