Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114516

Een mop (mondeling), maandag 16 september 1974

Hoofdtekst

In heit mei in soan dy roannen togearre oer de dyk nei stêd. It wie gleonhyt waer. Der lei in hoefizer op 'e wei. De heit sei tsjin syn jonge: "krij dat hoefizer op." Mar de jonge liet it lizzen. Hy forpofte. It wie him de muoite net wurdich om him dêrfoar to bûgen. Doe krige de heit it sels op.
Yn 'e stêd forkocht er it hoefizer foar in stûr en foar dy stûr kocht er in pûdfol kearsen.
Op 'e weromreis die de heit de pûde mei kearsen iepen en iet der ien fan op.
"Jow my ek ien", sei de jonge, hwant hy hie in ôfgrysliken sin oan kearsen yn dat waerme waer. Doe liet syn heit in kears falle. De jonge krige him op en iet him op. Even letter liet de heit wer in kears falle.
De jonge krige him wer op. Dat gong sa hyltyd troch. Doe frege de jonge: "Hwerom jòwt heit se my net? Nou mat ik my hyltyd bûge."
"Krekt," sei syn heit, "ast' nyskes dat hoefizer opkrigen hiest, hiest dy mar ienkear bûge hoefd."

Beschrijving

Vader en zoon lopen in de hitte naar de stad. Onderweg ligt een hoefijzer dat de zoon niet wil oppakken. De vader pakt het zelf en verkoopt het in de stad. Van het geld koopt hij kersen. Op de terugweg geeft vader geen kersen aan de jongen, maar laat ze steeds vallen. De jongen vraagt waarom hij ze niet krijgt, want nu moet hij zich steeds buigen. Het antwoord is dat als hij het hoefijzer had opgepakt hij maar één keer had hoeven buigen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1145, verhaal 16 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

16 september 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21