Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ115701

Een sage (mondeling), maandag 12 september 1977

Hoofdtekst

Doe't ús heit in lyts jonkje wie, gong er ris mei pake nei Ljouwert ta. Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl wie dêr ek by. Doe seinen se sa: Hoe let soe it sahwat wêze? Wy matte ek hast wer op hûs oan. Pake sei: As wy witte wolle hoe let it is, dan moatte wy sjen dat wy by de roomske tsjerke komme, dêr sit in klok yn 'e toer.
Jehannes sei: Dat hoeft net, hwant it binne hjir ommers allegearre klokken.
Ei, gean wei, sei heit, hwant hjir stiet ommers net in klok.
Doe sei Jehannes: Sjoch dan mar ris om dy hinne. En wrachtich, doe wienen 't allegearre klokken.
De oare wyks hie pake wer to Ljouwert west, mar doe wie der noait ien klok to sjen.

Beschrijving

Als een man wil weten hoe laat het is, tovert een tovenaar die bij hem is allerlei klokken tevoorschijn.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1157, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

12 september 1977

Naam Overig in Tekst

Jehannes Meerstra    Jehannes Meerstra   

Jehannes    Jehannes   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Feanwâldsterwâl    Feanwâldsterwâl   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21