Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117008

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in jongeman yn Yndië, dy wie dêr biropsmilitair.
Hy troude dêr mei de handschoen mei in fanke fan ús lân. Mar yn Atjeh rekke er yn gefecht en doe skeaten se syn lytse man der ôf. Dat wie net bêst fansels.
Doe't er yn Nederlân oankaem, gong er fuort nei in dokter ta. Hy sei sa en sa is 't mei my gien yn 'e oarloch. Nou sil 'k nei myn frou ta, mar hoe sil ik har nou tofreden stelle -
De dokter seit: "Dat is neat, jonge, dan meitsje wy ien fan kunst en dêr dogge wy molke yn." Dat gong oan en de militair gong nei hûs dêr't syn frou him opwachte.
Krekt fjouwer wiken letter moest syn frou al bifalle.
De dokter waerd der by helle. Hy sei tsjin 'e dokter: "dat kin noait ien fan m_ wêze."
De dokter rette mei de frou en doe kaem er wer by de jonge militair en sei: "'t Is wol fan jo, hear. Hwant jou frou bifalt fan twee pond boter en een zoetemelkskaasje."

Beschrijving

Een beroepsmilitair trouwt vanuit Indië met de handschoen met een meisje in Nederland. In Atjeh wordt zijn penis er bij een vuurgevecht afgeschoten. Als hij in Nederland de dokter raadpleegt, meet die hem een kunstpenis met melk erin aan. Als de vrouw van de militair vier weken later ineens moet bevallen, vermoedt de militair dat het kind nooit het zijne kan zijn. De dokter verzekert hem dat dat wel het geval is, want de vrouw bevalt van twee pond boter en een zoetemelkskaasje.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1170, verhaal 8 (archief MI)

Commentaar

?

Naam Overig in Tekst

Yndië    Yndië   

Atjeh    Atjeh   

Naam Locatie in Tekst

Indië    Indië   

Nederland    Nederland   

Nederlân    Nederlân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21