Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ117837

Een sprookje (mondeling), vrijdag 14 april 1978

Hoofdtekst

Der wie in frou, dy wie âld-faem bleaun. In jonge, in muoikesizzer, frege har: "Hwerom is muoike net troud?"
Doe die muoike him in forhael. Hja fortelde: Der wie in boer, dy hie in feint. Dy feint wie tige mâl mei de boer.
Op in kear sei de boer tsjin 'e feint: "Dû mast ris in beam foar my kappe. Dan mast de moaiste útsykje, dyst fine kinste. Dy mast my bringe."
De feint gong nei de bosk ta. Hy socht dêr in moaije beam út. Dy kapte er. Mar in eintsje fierder seach er in beam, dy wie noch wòl sa moai as de oare. Hy tocht: dy mat ik mar kappe. Dy wol de boer fêst wol ha. Mar even fierder seach er wèr in oare beam, dy wie nòch wer moaijer, tocht him. Doe kapte er dy.
Mar fierderop wie in boskje fan bûkebeammen. Hy tocht: miskien steane dêr nòch wol moaijer.
Dêr mat ik mar ris op los.
Doe kapte er dêr ien fan. Mar doe't er al dy beammen bisjoen hie dy't er kapt hie, doe wist er it net mear.
Hy kaem sûnder in beam by de boer. Hy sei: "Boer, der is foar jo net in beam moai genôch."
Sa is it my ek gien. As der in goede feint wie, miende ik altyd dat der nòch wol better wêze soe.
En sa bin ik der sûnder rekke, hwant ik wie to sinnich.

Onderwerp

VDK 1524A* - Een rechte boom    VDK 1524A* - Een rechte boom   

Beschrijving

Een jongen vraagt zijn tante waarom zij nooit getrouwd is. De vrouw legt dit uit met behulp van het verhaal over een besluiteloze boerenknecht: een boer stuurt een knecht naar het bos met de opdracht 'de mooiste boom' te kappen. De knecht gaat welgemoed op pad, maar steeds als hij zijn bijl in een mooie boom gezet heeft ziet hij verderop een boom die net iets mooier is. Op het laatst heeft hij zoveel bomen gekapt, dat hij niet meer weet welke de mooiste is. Als hij bij de boer komt, zegt hij dat geen enkele boom mooi genoeg is. Het is de tante van de jongen net zo vergaan als de kieskeurige knecht: steeds als zij een leuke vriend had, dacht ze dat er nog wel een leukere te vinden zou zijn. Op het laatst had ze helemaal niemand meer.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1178, verhaal 37 (archief MI)

Commentaar

14 en 21 april 1978
Een rechte boom

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21