Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ118704

Een mop (mondeling), zondag 29 juli 1979

Hoofdtekst

Der libben to Ingelum in âld mantsje en in âld wyfke.
It wie op in joun let, dat se bûtendoar om roannen om har âld skuorke hinne. It wie ôfgryslike stoarmwaer. Se wienen bang dat it skuorke it net hâlde soe tsjin stoarm en tochten net oars as it soe ynstoarte. En jild om in nij skuorke to bouwen wie der net.
Doe kom der samar ynienen ien oan, dy gong njonken har stean en dy sei: "Hwerom rinne jim hjir noch om?"
De âld man sei: "Ik bin bang dat myn skuorre aenst ynwaeit."
Doe sei dy fremdling: "Ik set der dizze nacht noch in nije skuorre op, dy is klear, ear't de hoanne kraeit. It kostet dy neat," sei er tsjin 't mantsje, "mar nei dyn dea bistû foar my. Sa 't ik siz: It stiet dêr foar't de hoanne kraeit. Sa net, dan jildt it akkoart net."
It mantsje hie yn 'e gaten, dat er mei de kweade to dwaen hie, mar hy naem it útstel oan.
Dyselde nacht kaem Hantsje mei syn timmerfolk en dat gong op in timmerjen dat it hwat die. It moest foar it kraeijen fan 'e hoanne klear wêze.
Mar doe't de skuorre omtrint ré wie, op 'e ûlebuorden nei bigoun 't âld wyfke to kraeijen. Hja koe krekt sa kraeije as in hoanne. En doe kraeide har eigen hoanne ek fuortdaliks.
De ûlebuorden sieten noch net yn it dak.
Dêr kom de duvel oan. Hy wie pûrrazen.
"Nou krigest der yn der ivichheit gjin ûlebuorden op", sei er. Doe waerden de gatten tichtmitsele en it pleatske krige de namme fan 'De Stiennen ûlebuorden'.

Onderwerp

VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen    VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen   

Beschrijving

Een arm echtpaar is erg bang dat hun bouwvallig schuurtje bij hevige storm om zal waaien. Als de man en de vrouw bij noodweer bezorgd om hun schuurtje heen rennen, worden ze benaderd door iemand die hen aanbiedt voor het ochtendgloren een gloednieuwe schuur te bouwen. De vreemdeling – de duivel - vraagt geen geld voor de bouw, maar wil wel een contract afsluiten: na de dood zal het echtpaar voor hem zijn. Als de schuur niet voltooid is voor de haan kraait, zal het contract niet gelden, aldus de duivel. De man heeft in de gaten dat hij oog in oog staat met de duivel maar gaat toch akkoord. Als de schuur bijna klaar is – op de uilenborden na – begint de vrouw zelf te kraaien. De duivel wordt woedend en voorspelt dat de schuur nu nooit uilenborden zal hebben. Het echtpaar ontkomt op deze manier aan het duivelspact maar heeft toch een nieuwe schuur. De gaten in het dak worden dichtgemetseld en de schuur draagt voortaan de naam 'De Stenen Uilenborden'.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1187, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

29 juli 1979
Voor de haan kraait boerderij bouwen

Naam Overig in Tekst

'De Stenen Uilenborden'    'De Stenen Uilenborden'   

'De Stiennen ûlebuorden'    'De Stiennen ûlebuorden'   

Hantsje    Hantsje   

Naam Locatie in Tekst

Ingelum    Ingelum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21