Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ118804

Een mop (mondeling), donderdag 02 augustus 1979

Hoofdtekst

Japik Ingberts tsjinne by in boer yn Rie. Dêr wie er boerefeint. De oare deis soe it Rienster merke wêze, en dêr woe er graech hinne. Hy frege de boer of dat mocht.
"Dêr gean wy togearre hinne," sei de boer, "dû en ik."
Mar Japik Ingberts gong de jouns fan 't bêd ôf en stiel ien fan 'e hynders fan 'e boer, dy't er út it lân weihelle. En dat hynder forkocht er oan in koopman. Mar hy hie fan to foaren in bôlle op 'e rêch dien, dat hy like krekt ien mei in buchel.
De moarns kaem de boer yn 't lân. "Ik mis in hynder", sei er. "Dat hat grif de iene of oare stellen. Wy matte mar ris op Rienster merk sjen, dêr kin 't wolris wêze."
"Ik tink it ek", sei Japik Ingberts.
Dat doe dêr togearre hinne. It duorre net sa mâlle lang doe seach de boer syn hynder al stean.
"Dat is m_n hynder", sei er tsjin 'e koopman.
"Dat haw ik justerjoun kocht", sei de koopman. "Fan in gebucheld mantsje. Fan gesicht hie er wol hwat fan 'e feint dy't dêr by jo is."
"Nou," sei Japik Ingberts, "ik haw net in buchel." De bôlle ûnder 'e jas hie er op 'e weromreis de foarige jouns opiten.


Onderwerp

VDK 1525Z* 3 - Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe)    VDK 1525Z* 3 - Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe)   

Beschrijving

De uitgekookte oplichter Japik Ingberts – in dienst als boerenknecht - vindt de boer bereid de dag erop met hem naar de markt te gaan. De avond voorafgaande aan de markt steelt Japik een van de paarden van de boer en verkoopt die – na eerst met een brood een bochel op zijn rug aangebracht te hebben – aan een koopman. Als de boer de volgende morgen de diefstal bemerkt, besluit hij op de markt goed uit te kijken naar het gestolen dier. Als de boer kort daarop zijn paard ziet staan, zegt de koopman dat hij het paard de dag ervoor van een gebochelde man heeft gekocht. De man leek wel een beetje op de boerenknecht qua gezicht, vindt de koopman. Japik zegt dat hij het niet geweest kan zijn omdat hij geen bultenaar is. Japik had het brood op zijn rug de avond ervoor direct opgegeten na de verkoop van het paard.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1188, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

2 augustus 1979
Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe)

Naam Overig in Tekst

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Japik    Japik   

Rienster    Rienster   

Naam Locatie in Tekst

Rie    Rie   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21