Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ118807

Een mop (mondeling), donderdag 02 augustus 1979

Hoofdtekst

Yn Akkrom wenne in keallefearner. Dat wie in sikere Fetse Koopmans. Dy libbe allinne mei syn âlde mem.
Nachts moest er it fjild wolris yn to keallefearnen en sa moest er ek ris in kear nei de Sweach ta yn 'e nacht.
Fan Akkrom nei Beetstersweach wie yn dy tiid in ûnfeilich paed.
Op in kear hied er wer yn 'e nacht nei de Sweach ta west. Hy droech altyd in pistoal en in blauwe stok yn 'e hân.
Doe kamen der yn 'e Sweachster bosken twa man achter de beammen wei. Dy seinen: "Hjir dyn sinten en oars meitsje wy dy dea."
Fetse smiet de ponge mei sinten op 'e dyk en sei: "Dy't der neijer oan ta is as ik, kriget him mar."
Doe soe ien fan 'e banditen de ponge mei jild krije. Hy bûchde him. Mar doe joech Fetse him sa'n slach op 'e kop, dat hy siichde del.
Doe soe de oare útnaeije, mar Fetse sei: "Steanbliuwe dû, oars sjit ik dy dea." Hy sei: "Nou giestû foar my lâns, en dû silst my oan Akkrom ta thúsbringe. En ast omsjochste krijst in kûgel troch de kop."
Doe't er thúskaem, sei 't âld-minske: "Bistû dat, Fetse?"
"Ja", sei er.
"Hwat bin ik bliid," sei se, "datst selskip haste. It is sa'n gefaerlik ein nei de Sweach ta."
Doe sei er: "Ja, de man mat mar gau in bakje kofje ha en in broadtsje, hwant hy hat in hiele loop hawn."
Mar it duorre gâns in skoft ear't er dat op hie.
Doe't er fuort soe, sei Fetse tsjin him: "Nou mast my bilove datst my noait wer oanpakke silst."
Doe't it âld-minske dy wurden hearde, foel se omtrint fan har sels, sa kjel waerd se.


Beschrijving

Een jongeman - Fetse geheten - wordt 's nachts op een onveilig pad opgeschrikt door twee mannen die dreigen hem te doden als hij zijn geld niet geeft. De moedige jongen gooit zijn beurs voor de voeten van de rovers op de grond. Als een van de schurken zich bukt om de buit op te rapen, geeft Fetse de rover een enorme slag op zijn hoofd. Fetse dreigt de andere rover dood te schieten als die een stap verzet. Fetse krijgt de rover zover voor hem uit te lopen naar Fetses huis. Fetse dreigt de rover een kogel door het hoofd te jagen als die zich omdraait. Thuis laat Fetse zijn moeder een broodje en een kop koffie voor zijn 'vriendelijke begeleider' maken. De rover is zo bang dat hij er heel lang over doet de koffie en het brood op te krijgen. Fetse laat de rover hem beloven dat hij hem nooit meer iets zal doen. De moeder wordt erg bang als ze begrijpt hoe de vork in de steel zit.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1188, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

2 augustus 1979

Naam Overig in Tekst

Akkrom [Akkrum]    Akkrom [Akkrum]   

Fetse Koopmans    Fetse Koopmans   

Fetse    Fetse   

Sweach    Sweach   

Sweachster    Sweachster   

Naam Locatie in Tekst

Beetstersweach    Beetstersweach   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21