Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA50 - De skuonmakker fen Itens

Een sprookje (mondeling), september 1971

Hoofdtekst

De skuonmakker fen Itens.
Sa wie der in rike skuonmakker dy wenne yn Itens en hy arbeide mei fiif feinten. Mar hy gong sa efterút, hy hie op 't lêst neat mear. Mar dêr lei er nachts op bêd en altyd drome, drome: Op 'e Basculebrêge yn Amsterdam dêr wie syn gelok. Hy sei de oare moarns tsjin syn frou: Ik wol dochs nei Amsterdam ta. Dêr wie er yn Amsterdam. Hy socht de Basculebrêge op. Dêr hie er al gâns in skoft stien, (mar) dêr kaem in Joad oan mei in houtkarke. En dy knikte him ta. Dy foun dêr earst in knoop. Dat is myn gelok, sei er. Doe foun er wer hwat. Dat 's myn gelok, sei de Joad. Mar dy Joad kaem dy jounes let werom en dy (t.w. de Joaden) binne noch al hwat opmerksum en doe sei er: Nou frind, sei er, fanmorgen ston(d) je hier en nu sta je hier noch? Ja, sei er tsjin dy joad. Ik droom altyd: Op 'e Basculebrêge is myn gelok. Och, sei de Joad, dromen is bedrog. Ik droom, sei er, wol gauris: Yn Itens wennet in earme skuonmakker. Hy hat in greate parrebeam foar hûs en dêr siet in tsjettel fol goud. Hy hurd nei hûs en hy komt de joune wer thús. Doe sei de frou: Hwat wolst nou? Hy mei in lodde en hy grave ûnder 'e beam. Ja, op 't lêst, dêr stekt er op in tsjettel. En boardefol goud. Mar dy tsjettel kaem moai yn in hoekje to stean en sy krigen in nije dominy en doe sei dominy: Wat 's dat een mooie ketel. Ja, sei er. Dêr stiet ek hwat op to lêzen. Kin dominy dat ek lêze? En dominy krige de tsjettel; onder deze ketel zit nog een ketel. Hy sei neat. Dominy wie fuort, hy oan 't graven en dêr helle er noch in tsjettel fol goud ûnder wei. Dêr wie dy skuonmakker fan Itens gedekt.
(Dat ha'k fan myn pake Alle Bijma to Boelensleane.)
(Poortinga, september 1971, FA)

Onderwerp

AT 1645 - The Treasure at Home    AT 1645 - The Treasure at Home   

ATU 1645    ATU 1645   

Beschrijving

Een schoenmaker uit Itens vervalt tot armoede en droomt dat hij zijn geluk zal vinden op een brug in Amsterdam. In Amsterdam vindt hij niets, maar hij spreekt wel een jood: die zegt dat dromen bedrog zijn, en dat hij vaak droomt dat hij in Itens rijkdom kan verkrijgen. Terug thuis graaft de schoenmaker een ketel vol goud op. Als de dominee op bezoek komt, leest deze op de ketel: onder deze ketel staat nog een ketel. Ook deze wordt opgegraven en de schoenmaker is rijk.

Bron

Transcriptie Y. Poortinga, sept 1971; hs. Poortinga, archief Fryske Akademy, in bruikleen bij Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum, Ljouwert

Commentaar

september 1971
The Treasure at Home

Naam Overig in Tekst

Jood    Jood   

Alle Bijma    Alle Bijma   

Naam Locatie in Tekst

Itens    Itens   

Basculebrug    Basculebrug   

Amsterdam    Amsterdam   

Boelenslaan    Boelenslaan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21