Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ120106

Een mop (mondeling), maandag 19 juni 1978

Hoofdtekst

Jan wie arbeider by de boer. Syn wiif hiet Tryn, dy gong faek mei him nei de plaets ta om de boerinne to helpen. Op in joun wienen se dêr ek wer togearre.
Doe soenen de boer en boerinne to jounpraten. Jan en Tryn bleauwen yn 'e pleats achter. De boer sei, foar't er mei de boerinne der út gong: "Sille jimme goed op 'e doar passe?"
Doe't de boer en boerinne goed en wol fuort wienen sei Tryn: "Wiste hwat? Wy geane der ek op út. Wy wolle hjir de hiele joun net sitte."
"Ja mar," sei Jan, "wy ha biloofd, wy soenen op 'e doar passe."
"Nou," sei Tryn, "dan nimme wy de doar mei."
Hja lichten de doar út 'e hingsels en Jan naem him op 'e rêch. Sa gongen se der togearre op 'e joun op út.
Doe kamen se yn in bosk. Dêr seagen se in pear rovers oankommen. Gau yn 'e beam, sei Jan, oars meitsje se ús miskien dea. Hja klommen yn 'e beam. Jan naem de doar mei.
Doe gongen dy rovers krekt ûnder dy beam sitten to jildtellen. In hiele protte jild hienen se. Dat wie allegear stellen jild.
Doe sei Tryn op in stuit: "Ik mat pisje, ik kin 't net langer ophâlde." En dêr pisse se hinne.
Doe't de rovers fornamen dat it wiet waerd, seinen se: "Daar valt hemels water."
Even letter moest Jan út 'e broek, hy koe 't net langer ynhâlde. Dat foel ek op 'e rovers del.
Doe seinen de rovers: "Daar valt hemelse mest."
Wer in skoftsje letter liet Jan by ûngelok de doar falle. Dy kaem krekt op 'e beide rovers del.
Doe seinen se: "Daar vallen ook al hemelse deuren." En doe waerden se sa binaud, dat se naeiden hurd út. Alle jild lieten se achter. Jan en Tryn seagen gau dat se ûnder kamen. Se pakten it jild en setten der mei nei hûs ta.
Doe wienen se ryk.

Onderwerp

AT 1653A - Guarding the Door    AT 1653A - Guarding the Door   

ATU 1653    ATU 1653   

Beschrijving

Een boer en een boerin die ergens op bezoek gaan vragen een onnozel echtpaar dat voor hen werkt goed 'op de deur te passen' (op het huis te letten). Het domme stel heeft geen zin om de hele avond op het boerenerf te zitten en besluit de deur uit de hengsels te nemen en op de rug mee te dragen. Als ze in het bos plotseling rovers zien, vluchten ze met deur en al een boom in. De rovers beginnen geld te tellen uitgerekend onder de boom waar het stel zich verborgen houdt. Het stel in de boom moet dringend zijn behoefte doen en plast en poept vanuit de boom bovenop de rovers. De rovers denken dat er 'hemels water' en 'hemelse mest' naar beneden komt. Als er even later ook een 'hemelse deur' op de rovers belandt, maken die zich snel uit de voeten met achterlating van het geld. Het domme stel laat zich uit de boom zakken en gaat er met het geld vandoor.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1201, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

19 juni 1978
Guarding the Door & AT 1009 Guarding the Store-room Door

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Tryn    Tryn   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21