Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ120201

Een mop (mondeling), vrijdag 23 juni 1978

Hoofdtekst

Der wie in âld-faem, it wie in frelle, dy wenne mei har heit yn in slot. Har heit waerd âlder en dy woe graech dat syn dochter troud wie, foardat er stoar. Dêrom lieten se in adfortinsje yn 'e krante sette.
Dêr kamen trije op del. De earste wie in klompmakker, de twadde in touslager en de trêdde in dûmny.
Earst forskynde de klompmakker by har. Hja lei him in papier foar mei de folgjende letters: G T M.W K. Fan dy letters moest hy wurden meitsje en dy moesten meiinoar in bitsjutting ha. Hy moest dy letters ek achterstofoar wer brûke.
Doe't de klompmakker dy letters seach, makke hy dêrfan:
Grote tenen maken wijde klompen. Dat foun se wol goed, mar fan achteren nei foaren koed er neat bitinke. Hy waerd dêrom ôfwezen.
Doe kaem de touslager. Dy makke der fan: Grote touwen maken wijde knopen. Dat wie goed fansels, mar ek hy wist net hwat to finen as er oarsom lêze moest. Dat hy waerd likemin oannom.
Doe kaem de dûmny. Dy makke derfan: Ga tot mijn ware kerk. En oarsom: Kom, wij moeten trouwen gaan.
De dûmny hie in goeije oplossing foun en troude mei de frelle.

Beschrijving

Een edelman wil dat zijn dochter, een freule, nog voor zijn dood getrouwd is en roept huwelijkskandidaten op middels een advertentie in de krant. De drie mannen die reageren - een klompmaker, een touwslager en een dominee - krijgen de opdracht van de letters G T M W K woorden in een goedlopende zin te maken. Ook van de letters in omgekeerde volgorde - K W M T G - moeten de drie mannen een zin kunnen vervaardigen. De klompmaker en touwslager verzinnen respectievelijk 'Grote tenen maken wijde klompen' en 'Grote touwen maken wijde knopen', maar kunnen geen zin met de omgekeerde lettervolgorde formuleren. De dominee verzint achtereenvolgens 'Ga tot mijn ware kerk' en 'Kom, wij moeten trouwen gaan'. De dominee heeft de beste oplossing en huwt de freule.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1202, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

23 juni 1978

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21