Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ120704

Een mop (mondeling), maandag 30 juli 1979

Hoofdtekst

Der wie in mynhear, dy wie oan 't kuijerjen. Hy komt troch de bosk en dêr sjocht er in âld hutsje stean. Hy giet dêr hinne en dêr treft er in jonge en in fanke oan. Dy binne togearre thús.
De mynhear freget: "Hwer is jimme heit?"
De jonge seit: "Heit is op jacht."
"Is er op jacht?" seit mynhear. "Dat mei net yn myn bosken."
"Ja," seit de jonge, "mar hwat mear hy fangt, hwat minder hy thús bringt."
Dêr bigrypt dy mynhear neat fan. Hy seit: "Dat matstû my útlizze."
Doe sei dy jonge: "Dat kin 'k jo gau fortelle. Us heit sit ûnder 'e luzen. Nou is er de bosk yn en hat it himd útlutsen, dat er neisjocht. Hwat mear hy fangt, hwat minder hy thús bringt."
Doe sei dy mynhear tsjin 'e jonge: "Hwer is jimme mem?"
Doe sei dy jonge: "Us mem dy is om skea of om skande."
Dêr woe dy mynhear de bitsjutting ek wol fan wite.
De jonge sei: "Dat sit sjesa: Ús mem hat in timpke brea liend en dat bringt se werom. En bringt se nou tofolle werom dan is dat skealik foar ús. Mar bringt se to min werom dan is dat skande foar dy earme minsken."
Doe frege dy mynhear: "Hwerom gûlt dyn suster?"
De jonge sei: "Dêr't se froeger om lake, dêr gûlt se nou om."
Doe sei de mynhear: "Hoe kin dat?"
De jonge sei: "Dat sil ik jo sizze: Froeger, as der in faem mei in jong siet, dan lake se, mar nou't se sels mei in jong sit, nou jankt se der om."
Doe sei mynhear: "Hwat ha jim dêr oer 't fjûr?"
De jonge sei: "Twist en tweedracht."
Doe sei dy mynhear: "Hwat is dat?"
De jonge sei: "Dat is beantsjes en groat. Dy kobbelje om 't hurdste hwa't it earst gear is."
Doe sei de mynhear: "Ik kin dy skoan brûke. Dû kinst wol by my yn 't wurk." En dat gebeurde. De jonge krige wurk by dy mynhear. Alle karweikes moest er opknappe.
Dêr wie ek in broeikas yn 'e tún, der stie in ierdbeiplant yn mei in hiele grouwe ierdbei dêr oan. Mynhear syn dochter soe dy op 'e jierdei ha.
Mar dy dikke ierdbei like de jonge ek wol lekker ta.
Dat hy gong hinne en pakte him. En hy iet him op.
En doe strûpte er syn broek nei ûnderen en skiet op it plak dêr't dy ierdbei siet.
Dat waerd mynhear fansels gewaer.
Nou stie 't der net bêst mei dy jonge foar. Hy gong hinne en joech dy jonge in briefke oer en sei dat er dat dêr en dêr mar hinne bringe moest.
De jonge sei: "Dat is goed, mynhear." En hy giet mei it briefke op stap. Mar hy is noch mar in eintsje ûnderweis of hy tinkt: "Ik moat ris sjen hwat der op dat briefke stiet."
Dêr stie op: "Geef brenger dezes honderd stokslagen."
Doe tocht dy jonge: "Dat is nochal hwat."
Hy roun in eintsje fierder, dêr seach er in joad oankommen.
Doe sei er tsjin dy joadejonge: "Wolstû in kwartsje fortsjinje?"
"Jawol", sei Moosy.
Moosy krige in kwartsje en brocht it briefke toplak.
Doe gong dy jonge wer nei syn mynhear ta. Fluitsjendewei kaem er dêr oan.
De mynhear frege: "Hast it briefke net ôfjown?"
"Né mynhear," sei de jonge, "dêr haw ik in joad foar naem. Dat karwei wie my to fier."

Onderwerp

AT 0921 - The king and the peasant's son    AT 0921 - The king and the peasant's son   

ATU 0921    ATU 0921   

Beschrijving

Een voornaam heer krijgt steeds raadselachtige antwoorden op vragen die hij een jongen stelt. Als de jongen zijn antwoorden toelicht, beseft de heer dat hij met een hele slimme jongen te maken heeft en hij besluit de jongen als klusjesman in dienst te nemen. De nieuwe klusjesman eet een grote aardbei op die eigenlijk voor de dochter van de heer bestemd was en laat op de plaats waar de vrucht groeide ontlasting achter. Als de heer dit in de gaten krijgt, is hij hevig ontstemd en geeft hij de klusjesman een briefje mee dat hij naar iemand toe moet brengen. De klusjesman besluit het briefje - waarop de heer een straf voor hem heeft geschreven - te lezen en verneemt dat de ontvanger van het briefje de bezorger 'honderd stokslagen' moet geven. De slimme klusjesman staat het karwei af aan een jood en ontloopt zo zijn straf.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1207, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

30 juli 1979
The king and the peasant's son en VDK 0921J* De brutale jongen en de heer

Naam Overig in Tekst

Moosy    Moosy   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21