Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ120802

Een mop (mondeling), maandag 06 augustus 1979

Hoofdtekst

Lubbert mei de dikke rys.
Lubbert wie troud. Se wennen by har mem yn. Deis wurke Lubbert by de boer, sadwaende wie er de hiele lange dei fan hûs. Lubbert en 't wiif koenen min mei elkoar.
Op in kear sei 't minske tsjin har mem: "Ik woe wol dat ik him mar kwyt wie. 'k Ha skjin myn nocht fan him."
Doe sei 't âld wiif: "Forjow him mei forgif."
Doe sei de dochter: "Hoe moat ik him dat takrije?"
Dat wyt ik wol", sei 't âld wiif. "Wy siede in potfol stive rys, hwant dat mei er hiel graech en dan dogge wy dêr rottekrûd oer ynpleats fan brune sûker."
Lubbert syn wiif nei de apteek. Dêr fortelt se dat se sa'n lêst fan rotten ha. Dat hja wol graech hwat rottekrûd ha. Hja fortelt dêrby dat se dy deis stive rys ite sille en dat Lubbert dat sa graech mei.
Doe giet de apteker hinne en jowt har in pûdtsje mei brune sûker mei ynpleats fan rottekrûd.
De beide froulju bigjinne to rys-sieden en as dat klear is dogge se der moai hwat fan it guod fan it pûdtsje oerhinne.
Mar de apteker wachtet de jouns Lubbert op. En hy seit tsjin Lubbert: "Dyn wiif hat hjir west om rottekrûd. Mar ik ha har sûker jown, hwant dû krigest joun stive rys.
Astû dy op haste, moatst krekt dwaen ast dea biste."
Lubbert giet nei hûs ta.
Thús stie de pot mei rys al op 'e tafel. Lubbert rekket oan 't iten. 't Smakket him lekker.
't Ald wiif sei: "Doch der nòch mar hwat brune sûker oer hinne."
"Ja," sei Lubbert, "dat is lekker."
Doe't er dan sêd wie, doe gong Lubbert hinne en wreau him hwat oer 't liif hinne en sei: "Ik wyt der neat fan, mar ik haw gâns lêst fan pine yn 't liif."
"Och," sei 't âld-wiif, "dû silst wol hwat tofolle rys hawn ha."
"Ja," sei Lubbert, "dat tink ik ek."
Nei in skoftsje doe foel er om, mei stoel en al. Hy lei saneamd dea oer de flier. Doe sei de dochter tsjin 'e mem: "Hoe matte wy nou?"
It âld-wiif sei: "It mat lykje dat er him ophong hat. Wy dogge him in tou om 'e nekke." Dat dienen se en doe gongen se togearre nei boppe, nei de souder ta, troch it trapsgat hinne, om it tou dêr fêst to meitsjen. Dêr koenen se it tou oplûke.
Mar Lubbert giet hinne, dy makket gau it tou los en bynt it om 'e klompkachel hinne. De pipen docht hy der út.
De froulju bigjinne to lûken. Wylst seit de dochter tsjin har mem: "Hwat is er swier, net?"
"Gjin wûnder," sei 't âld-wiif, "hy hat de kont fol dikke rys."
Wylst de froulju drok dwaende binne op 'e souder giet Lubbert stil nei de plysje ta. Hy fortelt him it hiele gefal.
Even letter komt er werom, mei de plysje foarop.
't Ald-wiif sjocht de plysje en ropt út it trapsgat wei:
"O, kom gau, kom gau, hwant Lubbert hat him ophong!"
"Ja," seit de plysje, "dat ha 'k al heard. Lubbert hat it my krekt forteld. Jim matte mar mei my meikomme, dan sil 'k jim opslute."
Sa rekke Lubbert samar ynienen de beide froulju kwyt.

Onderwerp

VDK 1351F* - Het lijk in de schoorsteen    VDK 1351F* - Het lijk in de schoorsteen   

ATU 1351F*    ATU 1351F*   

Beschrijving

Een vrouw wil haar man van kant maken, op advies van en in samenwerking met haar moeder. Als zij naar de apotheek gaat om rattekruid, vertrouwt de apotheker haar niet en geeft haar bruine suiker mee. De alerte apotheker licht hierop de man in en raadt hem aan die avond na het eten zogenaamd dood neer te vallen. De man volgt het advies van de apotheker op en houdt zich na het eten van het 'rattekruid' dood. De vrouwen binden hem hierop een touw om de nek en willen hem om een zelfmoord te suggereren in het trapgat ophangen. Als de vrouwen zich naar boven spoeden om het touw op te hangen, bindt de man snel een zware kachel aan het touw. De vrouwen trekken de kachel van bovenaf omhoog en denken dat het 'lijk' zo zwaar is door het vele eten dat de man tot zich genomen heeft. De man schakelt hierop de politie in en kort daarop worden de vrouwen in de boeien geslagen. Zo is de man van de vrouwen af en niet de vrouwen van de man.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1208, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

6 augustus 1979
Het lijk in de schoorsteen

Naam Overig in Tekst

Lubbert    Lubbert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21