Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ121303

Een mop (mondeling), maandag 13 augustus 1979

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie in nij feintsje krigen. De jouns sieten se yn 't lân to melken - dat gebeurde doe noch mei de hannen - doe wie der safolle molke, dat se koenen it net yn 'e bussen hâlde dy't se by har hienen. Der moest in ekstra bus by komme en de boer stjûrde de jonge nei de plaets ta om in bus op to heljen.
Doe't de jonge mei de bus der oan kaem krige de boer de temze, sette dy op 'e bus en geat de folle amer mei molke dêr yn.
Doe't er dat dien hie kaem 't him ynienen yn 't sin, dat dit deselde bus wie, dêr't er de benzine yn hie. Der siet noch in steal benzine yn dizze bus en dêr hie er de molke boppe op getten.
"Stomme jonge datstû biste!" rôp er, "dit is de bus, dêr't ik altyd de benzine yn ha."
De jonge seit: "Dat wist ik net."
"Né," seit de boer, "dat koestû ek net witte. Mar hoe matte wy der nou mei?"
De jonge sei: "Wy kinne noait better dwaen as jit it by de mot yn 'e trôch."
Dat gebeurde. De mot slobbere it lekker op. Mar doe't er it goed en wol op hie gong er forskriklik to kear.
Op 't lêst wie 't sa slim, dat hy barstte troch de sketten hinne. Hy roun de reed del en de wei út. It gong yn in feech; hy fleach om 't leven.
De boer en de jonge beide der achteroan. Rinne sa ha jy net. De boer rekke al gau achter de pûst. Hy hime dat it hwat die en bleau op 't lêst stean. Mar de jonge fljocht achter de baerch oan. Doe ynienen wie 't plof. Dêr lei de baerch. Hy bleau lizzen dêr't er lei.
De boer docht de hân om 'e mûle en ropt: "Is er dea?"
De jonge skodhollet en mei de hân om 'e mûle ropt er: "Né, de benzine is op!"

Beschrijving

Een pas aangenomen boerenknecht giet per ongeluk melk in een vat waar nog wat benzine in zit. De boer besluit de melk uit die bus aan het varken te geven. Het varken gaat hierop vreselijk hard rennen maar ploft plotseling neer. Als de boer vraagt of het varken dood is, zegt de knecht van niet 'de benzine is alleen op'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1213, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

13 augustus 1979

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21