Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122008

Een mop (mondeling), zondag 09 september 1979

Hoofdtekst

Der wienen twa feinten, dy tsjinnen by in boer. It wienen de greatfeint en de lytsfeint. Se hienen dêr in min plak.
Jouns gong de lytsfeint der wolris ôf en dan helle er in sleeffol brij op út 'e kelder wei. Dêr stie altyd wol in panne mei brij.
Op in kear die er dat wer. It wie doe in tige tsjustere nacht.
De greatfeint sei tsjin him: "Bring my ek in sleeffol."
De lytsfeint gong nei de kelder ta, dronk dêr fan 'e brij en soe doe mei in sleeffol nei de greatfeint ta. Mar trochdat it sa tsjuster wie forsinde er him en kaem er by 't bêd fan 'e boer en boerinne tolânne. De boerinne lei foar. Se lei mei 't bleate gat oer de bêdsplanke hinne.
De lytsfeint miende dat dat de holle wie fan 'e greatfeint en hy hâldde de sleef mei brij der by. Doe blaesde de boerinne krekt ôf yn 'e sliep.
Doe sei de lytsfeint: "Dû hoechst net to blazen, de brij is net hyt."
Mar hja blaesde noch ris. Doe smiet de lytsfeint har de brij tsjin 't gat oan.
"Fret it nou samar op", sei er.
De oare moarns kaem de boer fan 't bêd ôf. Hy sei tsjin syn frou: "Jonge, jonge, hwat hastû it raer dien fannacht. De sûpenbrij is dy samar ôfgien."



Onderwerp

AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."    AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."   

ATU 1691    ATU 1691   

Beschrijving

Een boerenknecht gaat er 's nachts nogal eens uit om pap te eten in de kelder. Als hij ook eens wat pap voor een andere knecht meeneemt, vergist hij zich in het bed en belandt hij in de kamer van de boer en boerin. Hij ziet de blote billen van de boerin aan voor het gezicht van zijn maat en houdt de lepel pap gereed. Als de boerin een wind laat, zegt de knecht dat er niet geblazen hoeft te worden omdat het niet heet is. Als de boerin nog een wind laat, smijt de knecht de pap tegen haar billen aan. De volgende ochtend is de boer erg verbaasd: de pap is zijn vrouw onverteerd uit de billen gekomen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1220, verhaal 8 (archief MI)

Commentaar

9 september 1979
"Don't Eat too Greedily."

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21