Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122201

Een mop (mondeling), donderdag 16 augustus 1979

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie in ûngetider. 't Wie yn 't allerdrokst fan 'e tiid, der skeaten hannen tokoart. De ûngetider tocht: ik sil ris in loopke nimme mei de boer.
Dêr kaem in wite kat oanrinnen. Doe sei dy ûngetider tsjin 'e boer: "Sjoch, dêr rint in swarte kat hinne."
De boer sei: "Welné keardel, dat is in witen, dat is net in swarte kat."
De ûngetider sei: "hy is swart."
"Hy is wyt", sei de boer.
Doe sei de ûngetider: "As jo noch ris sizze dat it in witen is, dan gean ik heden fuort."
Doe sei de boer: "Dû hast gelyk, dû hast gelyk."
Doe't de winter kaem wie der net safolle wurk. De boer hie net folle to dwaen foar de ûngetider dy't by him bleaun wie.
Doe kaem dêr in swarte kat oanrinnen.
"Sjoch," sei de boer, "in wite kat."
De arbeider sei: "Welné, man, dat is in swarten-ien."
"Hy is wyt", sei de boer.
"Hy is swart", hâldde de arbeider fol.
Doe sei de boer: "Ast wer seiste dat it in swarten is, dan krigest heden dien by my."
Doe sei de arbeider: "Dan is 't in witen-ien, boer, jo ha gelyk."


Onderwerp

AT 1565** - Turnips as Bacon    AT 1565** - Turnips as Bacon   

ATU 1565**    ATU 1565**   

Beschrijving

In een periode met veel werk dwingt een knecht de boer toe te geven dat een witte kat een zwarte kat is door te dreigen te vertrekken als hij geen gelijk krijgt. In een rustige periode draait de boer de rollen om: de boer dwingt de knecht toe te geven dat een zwarte kat een witte kat is door te dreigen de knecht te ontslaan als hij geen gelijk krijgt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1222, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

16 augustus 1979
Turnips as Bacon

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21