Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122707

Een sage (mondeling), donderdag 20 september 1979

Hoofdtekst

Lantinga wie in gûchelder en wenne op 't Hearrenfean. Op in kear kaem er op Skoatster merke en kocht dêr in hynder.
Hy sei tsjin 'e koopman: "Wy sille fuort mar even ôfrekkenje." Hy bitelle yn gounen en ryksdaelders, dy't er allegearre op 'e tafel lei. De koopman die se yn 'e jildponge, mar doe't hy der even letter nei seach, doe wienen dy gounen en ryksdaelders allegearre daelders woartel. Hy makke fluch dat er wer by Lantinga kaem. "Dû hast my bidragen!" rôp er, "dû hast my daelders fan woartels joun!"
"Gjin sprake fan," sei Lantinga, "lit dan ris sjen."
De koopman toande him de ynhâld fan 'e ponge. Mar doe wienen it wòl echte ryksdaelders en gounen dy't er seach.
"Hwat wolst nou eins?" sei Lantinga.
De koopman moest tajaen dat er mis west hie, mar doe't er thúskaem en de ponge ynspektearre sieten der wol deeglik allegearre daelders woartel yn.






Onderwerp

SINSAG 0682 - Das Gold des Zauberers: es erweist sich als Kupfergeld (Rübenscheiben).    SINSAG 0682 - Das Gold des Zauberers: es erweist sich als Kupfergeld (Rübenscheiben).   

Beschrijving

Een goochelaar koopt een paard op de markt en betaalt de koopman uit in guldens en rijksdaalders. Als de koopman het geld opgeborgen heeft, verandert de goochelaar de munten snel in plakjes wortel. Als de koopman dit bemerkt, zorgt de goochelaar dat er weer geld in de portemonnee zit. Als de koopman gerustgesteld is, worden de munten weer plakjes wortel.




Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1227, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

20 september 1979
Das Gold des Zauberers: es erweist sich als Kupfergeld (Rübenscheiben).

Naam Overig in Tekst

Lantinga    Lantinga   

Skoatster    Skoatster   

Naam Locatie in Tekst

Hearrenfean    Hearrenfean   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21