Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ123303

Een sage (mondeling), zondag 14 oktober 1979

Hoofdtekst

Rinse de Wind flokte in hiele dei troch. Nachts wie er deabinaud. Hy is ris in kear fan 'e wei ôf smiten woarn. Sytse Jager wie ek sa binaud nachts. Dy doarst net by nacht allinne bûtendoar. It wie in minnen-ien, in ûnminske. Hy forwinske alles en flokte as in ketter. Hy is op in kear troch de duvel oer in dyk smiten woarn op it eintsje wei fan Rienk Bakker nei 't Wytfean.
Nei dy tiid wie er deabinaud. Hja moesten him altyd nei hûs bringe as it donker waerd.
Hindrik van der Veen ha se ek in kear fan 'e wei ôf smiten. Dat wie op 't eintsje wei fan Rienk bakker nei de Mûzegroppe. Se ha noait ien sjoen dy't it die.
Wibe Alma is sa ek ris smiten woarn. Dat wie ek in hiele raren-ien.
Hindrik Holthuis wie in spotter en flokker. Hy is troch de duvel smiten woarn. Hy wie der doe slim oan ta en is kreupel bleaun. Mar doe is er bikeard. Hy waerd in trou tsjerkegonger en waerd grifformeard.
Mike Ruerd wie in timmerman. Dy kaem op in joun fan 't wurk. 't Wie in raer ûnforskillich man. Hy kaem fan 't Bomkleaster en moest de houtsjepaden lâns. Op ien fan dy houtsjes stie in frommes, dat skattere as in ekster. Dy smiet Ruerd in ein fuort. Se ha him mei de karre ophelle, sa min wie hy der oan ta.
Al dizze minsken wennen yn 'e Harkema. Se binne allegearre smiten woarn.

Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Vloekers en spotters zijn vaak bang zich 's nachts op de weg te begeven omdat ze wel eens neergesmeten zouden kunnen worden door de duivel.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1233, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

14 oktober 1979
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).

Naam Overig in Tekst

Rinse de Wind    Rinse de Wind   

Sytse Jager    Sytse Jager   

Rienk Bakker    Rienk Bakker   

Hindrik van der Veen    Hindrik van der Veen   

Rienk    Rienk   

Mûzegroppe    Mûzegroppe   

Wibe Alma    Wibe Alma   

Hindrik Holthuis    Hindrik Holthuis   

Mike Ruerd    Mike Ruerd   

Ruerd    Ruerd   

Naam Locatie in Tekst

Wytfean    Wytfean   

Bomkleaster    Bomkleaster   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21