Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ123806

Een mop (mondeling), dinsdag 15 januari 1980

Hoofdtekst

Biesterfeld wie skearbaes op 'e Drachtster Dwarsfeart.
Elkenien wie bang foar him, hwant it wie in wrede keardel en it koe him net folle skele hwat er út 'e wei sette.
Op in kear kaem dêr in man by him yn 'e skearsaek. 't Wie in greate, gewante keardel en hy sei mei in foars lûd dat er skeard wurde woe. Hy lei in briefke fan fiif en twintich goune op 'e tafel en dêr lei er syn revolver njonken. Doe sei er: "Dejinge dy't my skeart sûnder my to snijen, dy kriget fiif en twintich goune. Mar snijt er my, al is 't ek mar krekt, dan sjit ik him fuort kroandea."
"Dan skear ik dy net", sei Biesterfeld, hwant de keardel syn kop siet ek noch ûnder 'e pûkels. De greatfeint fan Biesterfeld doarst it ek net oan. Mar de lytse ynsjippersjonge tochte: Donders, dy fiif en twintich goune mat ik fortsjinje. Dat hy sjippe dy keardel yn en bigoun him to skearen. En it gong goed, hy snijde de man net.
Doe sei dy man: "Dû hast se fortsjinne jong." En hy joech de jonge it briefke. "Mar," sei er, "ast my ek mar krekt rekke hiest, dan hie 'k dy deasketten."
"Ja," sei de jonge, "dat tochten jo mar. Né, baes, as ik jo rekke hie, dan hie 'k jo it mes fuort troch de strôtte helle."

Onderwerp

VDK 1559X* - De officier en de barbiersjongen    VDK 1559X* - De officier en de barbiersjongen   

Beschrijving

Een grote, wrede kerel bezoekt de beruchte scheerbaas Biesterveld. De man verklaart diegene die hem wil scheren te belonen met vijfentwintig gulden als die hem bij het scheren niet snijdt. Als de scheerder toch uitschiet, zal hij doodgeschoten worden, aldus de kerel. Biesterveld durft het niet aan de man te scheren omdat die een erg pokdalige huid heeft. Ook ander personeel laat het afweten. Een kleine jongen die normaal alleen mag inzepen is bereid het karwei op zich te nemen. Hij scheert de kerel zonder hem te snijden en ontvangt de geldelijke beloning. De jongen verklaart later het volgende: als hij de man gesneden had, had hij direct de keel van de man doorgesneden.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1238, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

15 januari 1980
De officier en de barbiersjongen

Naam Locatie in Tekst

Biesterfeld    Biesterfeld   

Biesterveld    Biesterveld   

Drachtster Dwarsfeart    Drachtster Dwarsfeart   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21